Fan ferline jier ôf wurde de foarstellings spyle neist MFC De Tysker yn Easterwierrum. Adres Skuorrehofwei 2A!

Pietje Bell en de Binde fan 'e Swarte Hân

Wy geane dit jier werom yn 'e tiid. Werom nei rûchwei 100 jier lyn. Nei Rotterdam, in suterige stêd sûnder takomst. De bern gean net nei skoalle, se wurkje, want bernewurk is goedkeap. Ek op 'e drukkerij fan It Lêste Nijs sille se alle grutte minsken derút donderje en troch bern ferfange. Piet Swarte, de nije eigner, feroaret de namme dan yn De Swarte Krante en sil de bern alle dagen min nijs drukke litte, want dat ferkeapet. En om 't wurkje yn in drukkerij hiel saai is wurdt it dit jier dus hiel saai by it BIS.

Of nee, toch net.
Want hûndert jier lyn wennet Pietje Bell yn Rotterdam. En Pietje Bell lûkt him niks oan fan alle earmoed, is posityf, sit fol mei grappen en mei him der by is it noait saai. Sterker noch, it koe wol ris in Binde wurde. Seker as bekend wurdt dat Keninginne Wilhelmina (dat is de beppe fan 'e mem fan Kening Willem Alexander fan Máxima fan Oranje) op besite komt yn Rotterdam mei har dochterke de kroanprinsesse Juliaantje. Want dan komt de Swarte Krante mei in spesjale Sneon & Snein..

Hoe 't Pietje, mei syn maten fan 'e Binde fan 'e Swarte Hân, Piet Swarte foar it each fan 'e Keninginne, úteinlik op syn nûmer set, dat bliuwt in ferrassing. Mar ien ding is wis - dêrnei sil Rotterdam wer in bytsje yn 'e takomst leauwe. Mei tank oan Pietje Bell en syn Binde. 

SPILERS 2017

Aaltsje  van der Vegt, Anne Hilde de Boer, Anouk Delfsma, Berber Rob, Brecht Kramer, Bregt Vincken, Esther Ashouri, Hedzer Seffinga,
Jenno Tinga, Jens de Boer, Jorrit van der Velde, Lieske Algra, Lútzen Rijpma, Martsen Tacoma, Mayte  Veenstra, Mette van der Eems,
Mette Stap, Micaella De Pascual, Minke Hoekstra, Nynke Talman, Pien van Eerde, Rixt Dijkstra, Rixt Jelsma, Rudmer Heddema, Sanne Schukken, Silke de Vries, Sinne Kooistra, Stern Kok, Sybritt  Schukken, Tara de Puijsselaar, Tjitte Reitsma, Yrsa van Belkom