Hoe giet it no mei bern dy’t graach meispylje wolle?

Yn desimber krije alle bern út de groepen 7 en 8 fan de 19 basisskoallen yn Littenseradiel in brief mei nei hûs, mei ynformaasje oer it nije stik en ûnderoan in strypke dat se ynfulle en opstjoere kinne.
Omdat wy ús foarstellings yn Easterwierrum ha, wurde dêr yn it doarphûs de audysjes hâlden. Meastal jouwe har twa kear safolle bern op as dat der meidwaan kinne. Wy ha spylrollen, figuraasjerollen en dûnsers nedich. It bestjoer lit de audysjes alhiel oan de regy oer.

It Bis hat altyd twa regisseurs, fierder in sjongdosint dy’t de lieten mei de bern yn-oefent en in dûnsdosint. Dizze fjouwer minsken selektearje de bern foar in nij stik.
Sûnder help fan de âlden kin it net, sûnt in pear jier litte wy bern dy’t har opjouwe foar it BIS in strypke ynfulle en dêr moat dan in hântekening fan de âlders op. As it bern meidocht dogge de âlders ek mei, mar dan om achter de skermen mei te helpen.

Foardat it safier is, docht in bern audysje. Hy of sy hat him opjûn en wurdt oproppen om audysje te dwaan.
Nei de audysjes wurdt der in jierskema opsteld, dêr’t gearkomsten, foarstellings en alderhande belangrike data yn fêstlein wurde.

Meikoarten mear ynformaasje oer de audysjes fan 2012.