gasteboek

Nijsargyf



Twitter

Audysje BIS 2017

Opjeftetermyn is oanpast nei 11 jannewaris!!! Hasto dy noch net opjûn? It kin noch wol!
Bisto in bern út Littenseradiel en sitst yn groep 7 as 8?
Dan hast in brief krigen foar de audysjes fan BIS. Hast dy al opjûn?!
Dat moat FOAR 11 JANNEWARIS!
Mail dyn formulier nei info@berneiepenloftspul.nl.
Bist it opjeftestrypke efkes kwyt, as hast gjin hân, dan kinst die hjir downloade.

Ek ast noch gjin idee hast hoe’t it is, kinst dy gewoan opjaan hear. Audysje dwaan betsjut gewoan in dei sjen wat it sa’n bytsje is, wa’t der sa’n bytsje komt en útfine watst kinst en watst leuk fynst. En do silst sjen: it is in feest! Do spilest, sjongst en dûnsest yn in gesellich team fan bern dy’st hiel goed kinne leare silst. Hast les fan twa regisseurs, in sjongjuf en in dûnsjuf, allegear supergoed en superaardich. Do silst talinten yn dysels ûntdekke wêrst noait fan tocht hiest datst se hast. Do learst fan alles, hast in ôfgryslik soad wille, silst optrede foar hûnderten minsken tagelyk en noch folle mear. En ast tinkst: kin ik dit wol? Kom dan dochs nei de audysje, want dat allinnich is al superleuk om ris mei te meitsjen.

ALDERS, WAT BETSJUT BIS FOAR JIMME BERN EN FOAR JIMME?

As jo bern meidocht oan it berneiepenloftspul, hat hy as sy in pear prachtige moannen. De bern hawwe in soad wille, foarmje in hechte groep, leare harren frij te uterjen, te bewegen en te sjongen. Wy sjogge de bern yn dat tiidrek mentaal en sosjaal groeien. Se wurkje mei in moai ferhaal en mei taal en meitsje mei in profesjoniel artistyk team in foarstelling dy’t spetterje sil. Jimme sille sa trots as in pauw op ‘ e tribunes sitte!

FOARSTELLINGSDATA

 
Datum Aktiviteit tiid Reservedatum tiid
tiisdei 20 juny try-out (besletten)      
tongersdei 22 juny première 20.30 folget noch  
sneon 24 juny jûnsfoarstelling 20.30 folget noch  
snein 25 juny middeisfoarstelling 15.30 folget noch  
woansdei 28 juny middeisfoarstelling 15.30 folget noch  
freed 30 juny jûnsfoarstelling 20.30 folget noch  
sneon 1 july EKSTRA jûnsfoarstelling 20.30 folget noch  
         

 

 



 

 

 

 

 

 

 

WAT WURDT IT FOAR IN STIK?!?!

Dat bliuwt dit jier krekt wat langer as oars in ferrassing. Wachtsje mar ôf! 


ARTISTYK TEAM 2017

Dit is de nije ploech dy’t it Berneiepenloftspul makket:

Romke Gabe Draaijer en Sjoerd Blom: rezjy en tekst

Peter Sijbenga: tekst en muzyk

Joke Krist: sjongen

Coco de Haan: dûns

Jan-Eric Valkema: dekôr

Wolly Prins: kostúms

Ljocht en lûd: Marius DelGrosso en Siebren Greidanus