gasteboek

Nijsargyf



Twitter

Pietje Bell: in prachtich aventoer ! LC 24 juny

Troch Sietse de Vries

Piet Bell is al generaasjes lang ien fan ’e populêrste dogeneaten út de Nederlânske berneliteratuer, dat it hat lang duorre ear’t er it ta haadpersoan fan it berneiepenloftspul yn Easterwierrum skopte.

It liket wol as hie skriuwer Peter Sijbenga mear goed te meitsjen en dus hat er yn dizze ôflevering njonken Pietje Bell ek plak ynromme foar Dik Trom, Ciske de Rat, Pippi Langkous en noch in rychje jeugdhelden. Nederlân mei nei de kredytkrisis fan 2008 einlings it paad wer wat omheech fûn hawwe, yn Rotterdam sieten se yn 1920 midden yn de earmoed. Oeral moatte folwoeksenen plak meitsje foar bern dy’t itselde wurk foar minder sinten dogge. Sels it bestjoer fan it berneiepenloftspul is oan ’e kant set en dus hjit ien fan ’e spilers it publyk fan’t jier wolkom.

Lees ook: Berne-iepenloftspul als lesje voor de media in Easterwierrum

Pietje Bell wurket mei in hiele ploech bern foar in pear sinten yn de printerij fan Piet Swarte, de útjouwer fan De Swarte Krante. It blêd stiet fol min nijs, want it folk mei neffens Swarte graach oer minsken lêze dy’t it minder hawwe as harsels. Bell en syn maten tinke dêr oars oer.

Sa brutaal as Pietje Bell by it betinken fan syn streken is, sa boartlik is Peter Sijbenga by it skriuwen fan syn ferhaal. Ek fan de botsing tusken in tram en in lantearnepeal makket er wat moais, noch wûnderliker wurdt it as alle klinkers ferdwine en de bern allinne noch yn bylûden prate.

De jonge regisseurs Romke Gabe Draaijer en Sjoerd Blom dogge yn kreativiteit net foar Sijbenga ûnder. Se hawwe de spilers safolle fertrouwen jûn dat dy fan it begjin ôf frank en frij, as heale professionals oer it poadium springe en dûnsje. Pietje Bell dreamt fan de aventoeren dy’t er letter belibje wol. In moaier aventoer as dat yn Easterwierrum makket er fuort net mei.

--

Barren: Berneiepenloftspul Pietje Bell

Tekst en muzyk: Peter Sijbenga

Regy: Romke Gabe Draaijer en Sjoerd Blom

Sjoen: 22/6 Easterwierrum

Belangstelling: 375

Noch te sjen: 24, 25, 28 en 30 juny en 2 july.

www.berneiepenloftspul.nl