gasteboek

Nijsargyf



Twitter

BIS winner Pyt van der Zee Priis 2017

It bestjoer en de meiwurkers fan it berne-iepenloftspul fan Easterwierrum hawwe tongersdeitejûn de Pyt van der Zee-priis wûn. Ut hannen fan deputearre Sietske Poepjes ûntfong it iepenloftspul dizze provinsjale priis foar it brede Fryske toaniel. De priis wurdt ien kear yn de trije jier útrikt. Neffens de sjuery is ynspirearjend en útdaagjend toaniel foar bern tige wichtich foar de amateurkeunst yn Fryslân.

De Pyt van der Zee-priis is ferneamd nei toanielregisseur Pieter Johannes Cornelis van der Zee (1915-1998) en bestiet út in jildbedrach fan 2.000 euro. Pyt van der Zee wie de earste artistyk lieder fan Tryater. De ûnderskieding is bedoeld as stimulâns om it goede wurk fan it berne-iepenloftspul troch te setten.