gasteboek

Nijsargyf



Twitter

Audysjes BIS 2018 opjefte oant 8 jan. 2018

Beste bern út de groepen 7 en 8 fan de skoallen út de Greidhoeke (âld-Littenseradiel), beste memmen en heiten of fersoargers!

Wy sykje bern dy't graach toanielspylje, sjonge en/of dûnsje meie, want: de plannen foar it 28e Berne lepenloftspul 2018 lizze klear!

Werom  soesto dat wolle?!
It Is in feest! Do spilest, sjongst en dûnsest yn in gesellich team fan bern dy'st hiel goed kennen leare silst. Hast les fan twa regisseurs, in sjongcoach en in dûnscoach, allegear supergoed en superaardich.
Do silst talinten yn dysels ûntdekke dêrst noait fan tocht hiest datst se hast. Do learst fan alles, hast in ofgryslik soad wille, silst optrede foar hûnderten minsken tagelyk (6 foarstellings yn juny) en noch folle mear. En ast tinkst: kin ik dit wol? Kom dan foaral nei de audysje, want allinnich dat al is superleuk om ris mei te meitsjen.

It is net samar wat hear!
Do moatst wol goed witte  wêr'st  oan begjinst. Ast meidwaan meist, dan moast oan de bak!
Der wurdt  twa kear yn 'e wike repeteard  en omdatst der echt by hearst, moatst der ek echt altiten wêze. Toaniel is teamwurk, in goeie foarstelling komt net fansels! Misse der spilers, dan kin der net goed wurke wurde. Mar it sprekt fansels dat it dat wurdich is, want der is gjinien oar berneiepenloftspul yn Fryslan!

Dlt stikje moatte  dyn âlders/fersoargers efkes goed leze:
As jo bern meidocht, hat hy of sy yn elts gefal in prachtige audysjedei. En as it echt los giet, wurdt it Berne lepenlofspul en de oanrin dernei ta wis in prachtige tiid. De bern hawwe in soad wille, foarmje in hechte groep, leare harren frij te úterjen, te bewegen en te sjongen. Se wurkje mei in moai ferhaal en mei taal en meitsje mei in profesjoniel artistyk team in foarstelling dy't spetterje sil.

Dat freget wol wat, fan de bern en ek fan jimme!

De bern wurde op alle repetysjes ferwachte:  op woansdeitemiddei fan 15.30 oant en mei 17.30 oere en op sneon fan 10.00 oant en mei 12.00 oere. (As de foarstellings der hast oankomme faaks wat mear).

De repetysjes binne yn en om doarpshûs De Tysker yn Easterwierrum. De âlders regelje it ferfier.

Nei twa audysjerondes folget 3 febrewarls de kick-off en dan kinne de âlders & fersoargers yntekenje foar help by pr, skilderje, timmerje, klean as dekorattributen sykje en meitsje, catering en kaartferkeap. Wy ferwachtsje dat jimme allegearre meidogge, want sûnder in soad help kin BIS net bestean !
Der wurdt per spiler in bydrage frege fan € 50,00. Dat wurdt fia in ienmalige machtiging ofskreaun.

No do wer!
Alles goed lezen? Meist meidwaan fan dyn alders/fersoargers?

Klik hjir foar it opjefteformulier

Wy wolle it graach ynfold werom FOAR 8 JANNEWARIS!

Wy ferwachtsje  dy dan op sneon 13 jannewaris  foar de earste audysje:
bern út groep 7 fan 10.00 - 12.00 oere en bern út groep 8 fan 13.00 - 15.00 oere. It is yn doarpshûs De Tysker, Skuorrehofwei 2A yn Easterwierrum.

Yn de wike dernei hearst ast útnoege wurdst foar de twadde audysje op 20 jannewaris (10-12 oere). Want spitich genoch is der net foar elkenien in plakje.

Fragen? Skilje dan mei Baukje Hiemstra: 058-2519978, of mail nei bis.berneiepenloftspul@gmail.com

Graach oant sjen!

It BIS-bestjoer: Baukje Hiemstra, Tineke van der Schaaf, Hiltsje Stremler, Ria Kraa, Margje van der Velde,
Johan Heddema, Pieter Dijkstra, Jan Pranke Heida en Annet Hankel