Skiednis

Hoe 't allegearre begûn....

Begûn yn 1989 mei it stik de Ring fan Arwen yn de notaristún fan it Iepenloftspul Jorwert. Yn 1991 folge mei it stik Paksoké. Dêrnei waarden ek Minoes, Erik en Kromke noch spile yn Jorwert. Prachtige foarstellingen. Mar it Berne-lepenloftspul waard folwoeksener en dan wolle jo derút. Op eigen fuotten stean! En der waard plak socht foar in eigen iepenlofttún.

Nei in jier spile te hawwen yn Winsum (Frisia Avé) waard de pastorijtún fan Easterwierrum it fêste plak.
En dat is goed te begripen want dêr sitte we skoan, fiele wy ús thús en binne de minsken ús o sa nei en ter wille.

En, witte jimme it noch... de Kening fan Katoaren, Heksen, Skippers fan de Kameleon, Ferjiteilân, Robin Hood, Sake en it Suertsjefabryk, Lucky Luck, Oz, De fiifde dei, Odysee, Jungle book, Net Normaal, It Swurd út de Stien en Spegelspreuk waarden spile.

It Berne-iepenloftspul hat bewezen in konstante faktor te wêzen. Dit fertsjinnet in grutte wurdearring foar de ynset fan meiwurkers mar ek grutte wurdearring foar jildsjitters dy 't dit mooglik meitsje. It is fansels ek sa dat sy witte dat harren jild goed bestege wurd en alle jierren wer mei soarget foar in prachtige foarstelling!

Minsken kamen en minsken giene yn dy 20 jier. Mar inkelde persoanen bleaune troch de jierren hinne as fêste pylders trou oan dit unyke barren. I
en stabyle meiwurker mei hjir wol neamd wurde. Anneke Hogeveen makket al 20 jier diel út fan it Artistike Tiim as Ontwerpster en (mei help fansels fan in hiele ploech) makster fan de oansprekkende klean.

De lêste tiid is it Berne-Iepenloftspul yn it sintsje set.

Troch de Ried fan de Fryske Beweging waard ús yn 2009 “de Fear” takind.
“Fanwege de kwaliteit en it entoesjasme dêr’t it altyd wer mei bart levert it Berne-lepenloftspul of jierren in wichtige bydrage oan it behâld en ûntwikkeljen fan de Fryske taal en kultuer. Lit aktyf fan jongs ôf oan belûken fan bern by de Fryske taal en kultuer en de útstrieling dy’t dat hat fertsjinnet grutte wurdearring.” 

Yn 2007 wûn it Berne-Iepenloftspul in Gouden Gurbe foar de bêste foarstelling en yn 2009 in Gouden Gurbe foar de foarmjouwing. "Fanwege de yn alle opsichten o sa slagge fersoarging, de eachferblinende kreaasjes en it fernimstich brûken fan dekor en attributen..."  Jimme kinne begripe dat wy mei dizze prizen o sa fergulde binne en tige wiis binne mei de wurdearring dy 't der út sprekt. Yn 2010 krige it Berne-Iepenloftspul in Gouden Gurbe en dizze wie spesjaal foar Anneke Hogeveen. Sitaat út it sjuryrapport:

Ekstra priis:

De sjuery hat alle jierren ek de mooglikheid om in ekstra priis ta te kennen. Dêr binne gjin spesjale mjitstêven foar oanlein. Dat jout romte mar tagelyk hâldt it ek in beheining yn. Krekt omdat de priis gjin fêst gegeven is, moat er bysûnder wêze.
Is tweintich jier Berne-Iepenloftspul bysûnder? Jawis, want Easterwierrum kin net fierder bouwe op in ploech spilers dy’t jierrenlang meidocht. Jawis, om’t bliken dien hat dat it in kweekfiver is foar jong talint dat letter faak werom te sjen is yn folwoeksen iepenloftspullen.
Ek fan’t jier wie it wer in feest om yn Easterwierrum te wêzen. Allinne al fanwegen dat formidabele skip fan kaptein Heak, dêr’t de aventoeren fan Peter Pan, Wendy en Tinkerbel har op en omhinne ôfspilen. Mar wat ek alle jierren wer in genot is om te sjen, is de kostumearring. It is hast net te leauwen hoefolle kreativiteit Anneke Hogeveen dêr alle kearen wer ynleit. En dat no al tweintich jier. Dêrom fertsjinnet sy neffens de sjuery de ekstra Gouden Gurbe, foar har hiele oeuvre.

Wêr giet it yn de takomst op ta? Littenseradiel wol graach selsstannich bliuwe.
Bliuwe wy ek allinne "fan Littenseradiel" of sille wy de gemeentegrins wol oer? Wat foar easken stelle wy oan it "professjonele" part. Bliuwt it betelber? Is it allinne kultuer as falt dit unyke barren ek ûnder edukaasje, leefberens en promoasje? Fragen oproppe is net sa dreech...de antwurden fine sa maklik net. Wy binne der wis fan dat ek yn de takomst der minsken wêze sille dy't har ynsette wolle om de antwurden te finen en de ynspiraasje hawwe om der
foarm oan te jaan.

(Foarwurd 20 jier Berne-Iepenloft troch Ant Koning (âld foarsitter, juni 2010)

 

 

oersjoch fan alle stikken

fotoargyf


Wolle jo wat sykje yn de skiednis
fan it Iepenloftspul dan kinne jo hjir telâne.

 

2016 - De Geast fan Spultsjelittens

Oan 'e râne fan Hopbilstergryp leit in núver stikje braaklân. Der soe in nijbouwyk komme, mar it jild wie op, dus it gie net troch. De gemeente is der in bytsje mei oan, mar de bern fan Hopbilstergryp net, dy hawwe fan Spultsjelittens (sa soe de nijbouwyk h...

2015 - FRIEZZ!

In bewurking fan de IJskoningin“ fan Hans Christiaan Andersen en “Frozen” fan Disney. Foar wa't it noch net wit: Yn 'e pastorytún neist de tsjerke yn Easterwierrum wenje trollen! Gjin noed, se kinne gjin kwea. Nachts komme se ta libben en fertell...

2014 - Bern de Baas!

“Oan alle bern fan Timptille. Wy binne fuort! Wy haw ús nocht. Gjin freonlike groeten fan de âlders fan Timptille”. Sa’n brief krije de bern út it doarp Timptille. Dat is fansels gjin straf foar de bern! Wa wol no net ris sûnder folwoek...

2013 - Asteriks & Obeliks

Hiel Gallië?  Julius Caesar hat hiel West-Europa ferovere, op ien doarp nei! De Galliërs dêr, mei harren toverdrank, ha de gek mei de Romeinen. Mar dat sil net lang mear duorje! Caesar betinkt in list, hy stjoert Cassius S., de grutste rúzjemakker f...

2012 - De Stim fan Ldjewierrum

Wa wol der no net in “Idoal” wurde? No, de broerkes en suskes fan Hikke net, want dy kinne neat. Én se ha Hikke. Suske Hikke kin sjonge as de bêste. Dat hat se fan har mem. Hikke is ‘De Stim fan Lûdsjewierrum’. Mar dan komt de...

2011 - Swart/wyt

Swart/Wyt De BIS-ferzje fan Swart/Wyt is ynspirearre op de film "Lang leve de koningin". De bewurking is makke troch Anna Bilker. Sietske is dom. Tenminsten, dat fynt master Roelof en har mem tinkt it ek. Sietske hellet minne sifers op skoalle en de bern laitsje...

2010 - Peter pan

Eigenwize mantsje Peter Pan wurdt mar net âlder. Peter Pan wa kin him net? Dat eigenwize mantsje, dat net âlder wurde wol. Mar eins in Peter Pan al flink op leeftyd. Hy is 90 jier ferlyn betocht troch J.M. Barry, dy ’t trije ferhalen oer Peter en Wendy beto...

2009 - Spegelspreuk

De measte bern dreame der wolris oer. Prins wêze of prinses. Wa soe dat no net wolle? No, Willem net. En dy is no krekt prins. Wat is't ek nuver ferdield yn'e wrâld net? Willem fynt der gjin barst oarn. Dat stive gedoch, opsitte, hatsjes jaan, netsjes prate en it alde...

2008 - It Swurd t de Stien

It Swurd út de Stien is in bewurking fan "De Lessen van Merlijn". In spannend aventoer is de famyljefoarstelling "It Swurd út de Stien", wêryn 't de skildknaap Wrat in grutte rol spilet. Wrat wol graach ridder wurde en oan in echter ridder...

2007 - Net Normaal

De femyljefoarstelling Net Normaal giet oer in lân dêr 't Generaal Isimo de baas is. Op in dei jout hy it befel om alle ûnsjogge bern op te pakken. "Dat rommet op". Grutte earen, lange noas, maatsje 44? Fuort der mei. Yn in opfanghûs foar &ucir...

2006 - Jungleboek

Jungleboek is it ferhaal fan Mowgli, in jonkje dat libbet yn de jungle. Tusken de wolven fan De Horde fan de Folle Moanne hat er in libben sûnder soargen. Hy fielt him ien fan harren, mar is dat wol sa? As op in kweade dei syn beskermer Akela ferwûne rekket, feroaret...

2005 - Odyssee

Odysseus is in held, mar hy is gauris fan hûs om te fjochtsjen. Syn frou Penelope en syn soan Telemachus fine dêr fansels neat oan. Hoe langer as Odysseus fuort bliuwt, hoe mear manlju as der ek om de hân fan Penelope komme. Telemachus hat syn nocht dêrfan...

2004 - De Fiifde Dei

Wat ha se it altyd drok op skoalle, dy lêste wiken foar de simmerfekânsje. Benammen de bern út groep 8. Net allinne mei de fêste jierlikse ôfslútingsrituelen mar ek mei it ôfskie fan de fertroude skoalle, de masters en de juffen en fan ...

2003 - Oz

Dora is in famke dy't der wat út leit op skoalle. Har ferskriklike libbentsje op skoalle feroaret ynienen troch wol hiel wûnderlike omstannichhede! Dora belânet yn in lân mei heksen en tsjoenders, en oare frjemde wezens: OZ. Wylst se op syk is nei in wi...

2002 - Lucky Luke

It doarpke East Hill wurdt jierenlang teistere troch in slimme rûzje tusken twa famyljes: de Harkema's en de Tiemersma 's. Beide famyljes binne ôfstammelingen fan Friezen dy 't lang lyn nei East Hill emigrearre binne. De Harkema's kamen út de Wâlden en de...

2001 - Sake & It Suertsjefabryk

Wat in feest as direkteur Willy Wonka it suertsjefabryk ynienen wer iepenet. Dat is fantastysk, want Wonka makket it lekkerste snobbersguod fan de hiele wrâld. Omdat it feest is, wurde fiif superrepen mei in gouden wikkel yn omloop brocht. Wa't sa 'n wikkel hat, wint in...

2000 - Robin Hood

Robin Hood wie de dryste held fan Ingelân yn de tiid fan kening Richard Lieuwehert. Hy wie in strider foar de ûnderdrukte en earme minsken. Om harren te helpen moast Robin stelle fan de riken. Prins Johan en syn gefolch, betochten hieltyd nije en hegere belêsti...

1999 - Ferjiteiln

Yn 1999 brochten de learlingen fan de basisskoallen yn de gemeente Littenseradiel foar de njoggende kear, in foarstelling yn de iepenloft. De bern spylje diskear it stik FERJIT EILÂN, nei it boek "Het eiland daarginds" fan de ferneamde berneboekeskriuwer Paul Bieg...

1998 - De Skippers fan De Kameleon

Hylke en Sytse, de helden út de ferneamde Kameleonboeken, krije rom wetter yn de pastorijtún oan de Dilledyk. It ferhaal spilet him ôf yn de peaske-, simmer- en de hjerstfakânsje. De jongens ha leafst altyd fakânsje. Dan kinne se der mei harren b...

1997 - Heksen

Lammert, in jonge fan likernôch alve jier, hat syn heit en mem ferlern by in auto-ûngemak. Hy wennet no by syn beppe. Earst yn Noarwegen, dêr 't beppe wennet, letter yn Ingelân dêr't Lammert syn thús wie. Lammert syn beppe is in bys...