Hoe 't allegearre begûn....

Begûn yn 1990 yn de notaristún fan it Iepenloftspul Jorwert as ynisjatyf fan de Federaasje Toanielselskippen Littenseradiel (FTL) mei it stik Paksoké. Dêrnei waarden ek Minoes, Erik en Kromke noch spile yn Jorwert. Prachtige foarstellingen. Mar it Berne-lepenloftspul waard folwoeksener en dan wolle jo derút. Op eigen fuotten stean! En der waard plak socht foar in eigen iepenlofttún.

Nei in jier spile te hawwen yn Winsum (Frisia Avé) waard de pastorijtún fan Easterwierrum it fêste plak.
En dat is goed te begripen want dêr sitte we skoan, fiele wy ús thús en binne de minsken ús o sa nei en ter wille.

En, witte jimme it noch... de Kening fan Katoaren, Heksen, Skippers fan de Kameleon, Ferjiteilân, Robin Hood, Sake
en it Suertsjefabryk, Lucky Luck, Oz, De fiifde dei, Odysé, Jungle book, Net Normaal, It Swurd út de Stien en Spegelspreuk waarden spile.

It Berne-iepenloftspul hat bewezen in konstante faktor te wêzen. Dit fertsjinnet in grutte wurdearring foar de ynset fan meiwurkers mar ek grutte wurdearring foar jildsjitters dy 't dit mooglik meitsje. It is fansels ek sa dat sy witte dat harren jild goed bestege wurd en alle jierren wer mei soarget foar in prachtige foarstelling!

Minsken kamen en minsken giene yn dy 20 jier. Mar inkelde persoanen bleaune troch de jierren hinne as fêste pylders trou oan dit unike barren.

len stabile meiwurker mei hjir wol neamd wurde. Anneke Hogeveen makket al 20 jier diel ut fan it Artistike Tiim as Ontwerpster en (mei help fansels fan in hiele ploech) makster fan de oansprekkende klean.

De lêste tiid is it Berne-Iepenloftspul yn it sintsje set.

Troch de Ried fan de Fryske Beweging waard ús yn 2009 “de Fear” takind.
“Fanwege de kwaliteit en it entoesjasme dêr’t it altyd wer mei bart levert it Berne-lepenloftspul of jierren in wichtige bydrage oan it behâld en ûntwikkeljen fan de Fryske taal en kultuer. Lit aktyf fan jongs ôf oan belûken fan bern by de Fryske taal en kultuer en de útstrieling dy’t dat hat fertsjinnet grutte wurdearring.” 

Yn 2007 wûn it Berne-Iepenloftspul in Gouden Gurbe foar de bêste foarstelling en yn 2009 in Gouden Gurbe foar de foarmjouwing. "Fanwege de yn alle opsichten o sa slagge fersoarging, de eachferblinende kreaasjes en it fernimstich brûken fan dekor en attributen..."

Jimme kinne begripe dat wy mei dizze prizen o sa fergulde binne en tige wiis binne mei de wurdearring dy 't der út
sprekt. Yn 2010 krige it Berne-Iepenloftspul in Gouden Gurbe en dizze wie spesjaal foar Anneke Hogeveen.
Sitaat út it sjuryrapport:

Ekstra priis:

De sjuery hat alle jierren ek de mooglikheid om in ekstra priis ta te kennen. Dêr binne gjin spesjale mjitstêven foar oanlein. Dat jout romte mar tagelyk hâldt it ek in beheining yn. Krekt omdat de priis gjin fêst gegeven is, moat er bysûnder wêze.
Is tweintich jier Berne-Iepenloftspul bysûnder? Jawis, want Easterwierrum kin net fierder bouwe op in ploech spilers
dy’t jierrenlang meidocht. Jawis, om’t bliken dien hat dat it in kweekfiver is foar jong talint dat letter faak werom te
sjen is yn folwoeksen iepenloftspullen.

Ek fan’t jier wie it wer in feest om yn Easterwierrum te wêzen. Allinne al fanwegen dat formidabele skip fan kaptein
Heak, dêr’t de aventoeren fan Peter Pan, Wendy en Tinkerbel har op en omhinne ôfspilen. Mar wat ek alle jierren wer
in genot is om te sjen, is de kostumearring. It is hast net te leauwen hoefolle kreativiteit Anneke Hogeveen dêr alle
kearen wer ynleit. En dat no al tweintich jier. Dêrom fertsjinnet sy neffens de sjuery de ekstra Gouden Gurbe, foar har
hiele oeuvre.


Wêr giet it yn de takomst op ta? Littenseradiel wol graach selsstannich bliuwe.
Bliuwe wy ek allinne "fan Littenseradiel" of sille wy de gemeentegrins wol oer? Wat foar easken stelle wy oan it "professjonele" part. Bliuwt it betelber? Is !t allinne kultuer as falt dit unike barren ek ûnder edukaasje,leefberens en promoasje? Fragen oproppe is net sa dreech...de antwurden fine sa maklik net. Wy binne der wis fan dat ek yn de takomst der minsken wêze sille dy't har ynsette wolle om de antwurden te finen en de ynspiraasje hawwe om der
foarm oan te jaan.

(Foarwurd 20 jier Berne-Iepenloft troch Ant Koning (âld foarsitter, juni 2010)

 

 

 

OERSJOCH

Klik HJIR foar in oersjoch fan alle stikken dy't der spile binne.

SYKJE YN DE SKIEDNIS
op
yn