Stifting Berne Iepenloftspul
p/a Tongerwei 1
8834 XC BAARD

MEAR YNFORMAASJE

Wolle jo mear ynformaasje en hawwe jo dat net fine kinnen op dizze side?
Of hawwe jo in fraach foar it bestjoer?
Mail jo fraach dan nei: info@berneiepenloftspul.nl

We nimme dan sa gau as mooglik kontakt mei jo op.

KAARTFERKEAP
Hawwe jo fragen oangeande kaarten of oer de kaartferkeap, dan kinne jo in in mailtsje stjoere nei:
kaartferkeap@berneiepenloftspul.nl of belje mei: 06 - 309 566 08 (wurkdagen tusken 19.00 - 20.00 oere!) as fia Whatsapp.

OANFANG EN EINTIID
De jûn-foarstelling begint om 20.30 oere en de middei-foarstelling begint om 15.30 oere
woansdei dit is dit jier foar it earst i.f.m. de kontinuroasters fan de skoallen.
De foarstelling duorret mei skoft in lytse 2 oeren.
De foarstellings fine plak neist MFC De Tysker, Skuorrehofwei yn Easterwierrum

LET OP! It parkearen is no oan de oare kant fan it doarp oan de hegedyk richting Mantgum! As jo fanôf Boazum as Raard
komme moatte jo rjochting Mantgum ride en dan oan de linkerkant is it parkeren. Folgje de ynstruksjes fan de parkeerwachten.
Jo moatte no in lyts eintsje fierder rinne.
Binne net ta steat in eintsje te rinnen, om hokker reden dan ek, dan is it mooglik om tichtby yn en út te stappen.
Dit is altyd yn oerliz mei de parkeerwacht.

AL OF NET TROCHGEAN FAN IN FOARSTELLING
Wannear't in foarstelling net trochgiet, wurdt dat dyselde jûn foar 19.00 oere bekend makke op
dizze webside.
Mocht in middei-foarstelling net trochgean dan wurdt dat hjir ek foar 13.00 oere bekend makke.
De kaarten binne dan jildich op de reservedatum. Sjoch hjir foar ek ûnder it kopke Foarstellings!