11e Berneiepenloftstik foar Gerrit Hoekstra

Moandei 14 april

Yn Easterwierrum giet op tongersdei 12 juny de foarstelling “Bern de baas” yn premjêre. It wurdt it 24e berneiepenloftspul en 11 dêrfan binne skreaun troch Gerrit Hoekstra fan Winsum. Ek dit jier tekent hy foar it skript. De 60 jierrige Hoekstra is yn it deistich libben dosint Frysk oan it Ljouwerter Lyceum (Piter Jelles). Dêrnjonken mei er graach skriuwe. In boek hat er (noch) net skreaun,  mar toaniel- en iepenloftstikken namste mear. Syn list mei wurken telt nei it klear krijen fan “Bern de baas” presys 50 stikken.

Bern de baas is in bewurking fan de film “Les enfants de Timpelbach” en dy film is wer bassearre op it boek “Stadt ohne Eltern” fan Henry Winterfield. It ferhaal draait om twa groepen bern yn in doarpke. Hiel swart-wyt sein: de goeden en de ferkearden. Dy bern moatte harsels rêde, de âlders en oare folwoeksenen hiene har nocht fan alle fiten dy’t de bern úthellen, dat sy giene fuort. Yn earste ynstânsje is dat feest, mar al rillegau begjint it te knipen. Want hoe komme jo oan iten? En wolle jo alles mar op syn berin litte of wolle jo dochs in soarte fan mienskip foarmje mei regels, noarmen en wearden? Om dy fraachstikken draait it yn “Bern de baas”.

Gerrit Hoekstra hat mei in protte nocht wurke oan it skript, dêrby stipe troch Jelmar Hoekstra, dy’t krekt as ferline jier de rezjy foar har rekken nimt, en Peter Sybenga dy’t de lietteksten skreaun hat. “In stik dat jo skriuwe foar bern, moat net te nuansearre. It is goed tsjin ferkeard. By de ‘minne’ bern haw ik wol besocht oan te tsjutten hoe’t it komt dat se dogge sá ’t se dogge. Dat dat ferfelende gedrach wol earne wei komt. En sa sjochst ek dat der eat fan in karakterûntwikkeling is. Dit stik hat neffens my krekt efkes wat mear djipgong as gewoanwei by it berneiepenloft”.

Gerrit Hoekstra hat nei de audysjes ien kear nei de oefenromte yn Easterwierrum ta west om efkes yn de kunde te kommen mei de bern dy’t it dwaan moatte. No hat er it loslitten. “Pas op 12 juny sjoch ik wat it artistyk tiim en de bern der fan makke ha. En rekkenje mar dat ik dan skytsenuweftich op de tribune sit!”

Troch Geartsje de Vries - Op'e Skille fan 26 maart 2014

 

« werom