Allegearre komme fansels!!

Woansdei 12 oktober

As sneon 17 juny de jûns om 20.30 ut stik Junglebook yn premiêre giet, is der in ein kaam oan de moannen lange tarieding. Ien fan de meiwurkers, dy't dat jierren docht, is Hans Wempe. As muzikaal lieder is hy ien fan de fjouwer minsken dy''t  "Elts in ploech bern de goede kant út praat".
Wat driuwt sokke minsken en hoe stiet it der op dit stuit foar? ?

In ferslach fan in petear mei dizze wier muzyk/toaniel leafhawwer kinnne jimme ynkoarten temjitte sjen op ús side: www.berneiepenloftspul.nl no hjir alfêst in koarte gearfetting.

Hans oer wat him driuwt: "Ik mei graach mei minsken wurkje en ek wat mei muzyk dwaan. En derneist is it BIS in sympatike organisaasje. It bêste yn bern nei boppe helje dat is sa moai!"

Hoe giet it mei de repetysjes?
"We wurkje dit jier, krekt as oare jierren mei in motivearre ploech. De earste wiken is it altyd hiel bot ôftaaste. Mar mei goeie regels kinne se maksimaal prestearje, it is net neat om 6 kear foar in folle tribune te spyljen!"

Wêrom mei de minsken dizze foarstelling net misse?
"It BIS meist nea misse. As bern in heal jier mei in foarstelling oan'e gong binne, dan is dit altyd de muoite wurdich om te sjen!' Tink der dus om dat de kaartferkeap foar dit spektakel is op freed 2 en freed 9 juny tusken 19.00 en 21.00 oere!

Út: Op'e Skille 10 maaie 2006
 

« werom