AUDYSJES 30STE BERNE IEPENLOFTSPUL

Tiisdei 19 novimber

AUDYSJES BIS 2020

It is hast wer safier!!!!!!!!! De audysjes fan it 30e berne iepenloftspul sette wer útein. Fynst do it leuk om toniel te spyljen, te dûnsjen en te sjongen…..en sist yn groep 7 of 8 fan ien fan de skoallen yn de Greidhoeke, (âld Littens) dan sykje wy dy. Lês de brief en jou dy op, dit kin oant 1 jannewaris 2020. Wy hawwe der sin oan!!!!

-------------------------------------------------------------------------------------------------------------------

Foar alle bern út de groepen 7 en 8 fan de skoallen út de Greidhoeke
(en harren âlders/fersoargers)

 

Yn 2020 wurdt it 30ste Berne Iepenloftspul spile en dêrfoar sykje wy bern dy’t graach tonielspylje, sjonge en/of dûnsje meie!

 

Wêrom soesto mei it Berne Iepenloftspul meidwaan wolle?? It is in feest! Do spilest, sjongst en dûnsest yn in gesellich team fan bern dy’st hiel goed kennen leare silst. Hast les fan twa regisseurs, in sjongcoach en in dûnscoach, allegearre supergoed en superaardich. Do silst fan alles leare, hast in ôfgryslik soad wille, silst optrede foar hûnderten minsken tagelyk en noch folle mear. En asto no tinkst: kin ik dat wol? Kom dan foaral nei de audysje, want dat allinnich is al superleuk om ris mei te meitsjen.

It is net samar wat hear! Do moast wol goed witte wêr’st oan begjinst. Ast meidwaan meist, dan moast oan de bak! Der wurdt twa kear yn ‘e wike oefene; toaniel is teamwurk, in goeie foarstelling komt net fansels en dêrom moast der altiten wêze. Misse der spilers, dan kin der net goed wurke wurde. Mar dat is it fansels wol wurdich!

Dit folgjende stikje moatte dyn âlders/fersoargers efkes goed lêze:
As jo bern audysje dwaan mei, dan hat hy of sy yn alle gefallen in prachtige audysjedei. En as it echt los giet, wurdt it Berne Iepenloftspul en de oanrin dêr nei ta wis in prachtige tiid om nea te ferjitten! De bern hawwe in soad wille, foarmje in hechte groep, leare harren frij te uterjen, te bewegen en te sjongen. Se wurkje mei taal en meitsje mei in profesjoniel artistyk team in geweldige foarstelling.

Dat freget wol wat, fan de bern en ek foar de âlders/fersoargers:
→ De bern wurde op alle repetysjes ferwachte: op woansdeitemiddei fan 15.15 oant 17.30 oere en op sneon fan 10.00 oant 12.30 oere (fan maaie ôf oant 13.00 oere)

→ De repetysjes binne yn en om doarpshûs de Tysker yn Easterwierrum. De âlders regelje sels it ferfier.
→ Nei twa audysjerondes folget op sneon 18 jannewaris de kick-off en dan kinne de âlders/fersoargers  yntekenje foar help by bygelyks PR, skilderje, timmerje, klean of dekôrattributen sykje en meitsje. Wy ferwachtsje dat alle âlders/fersoargers, op hokker wize dan ek, meidogge, want sûnder in soad help kin BIS net bestean!

 

→ Der wurdt fan alle spilers in bydrage fan € 75,- frege

Tastimming byldmateriaal
Yn ferbân mei it rjocht op privacy hawwe wy ek de tastimming fan de âlders/fersoargers nedich foar it meitsjen en brûken fan byldmateriaal. Troch foto’s en fideo’s te pleatsen op ús webside, Facebook, Instagram en Twitter ensfh., wolle wy sjen litte wêr’t de bern mei dwaande binne en wolle wy fansels minsken nei de foarstellingen helje. Wy sille mei soarch mei it byldmateriaal om gean. Nei it setten fan in hântekening ûnder it opjeftestrypke binne jo akkoart mei boppesteande. As jo je der net yn fine kinne, dan betsjut dat dat jo bern spitigernôch net oan BIS meidwaan kin.

NO DO WER!
Alles goed lêzen? Meisto meidwaan fan dyn âlders/fersoargers? Jou dy dan gau op foar de audysje fan it Berne Iepenloftspul fan 2020!! Klik op de link foar it oanmeldingsformulier(Stjoer dyn opjefte foar 1 jannewaris 2020 op)https://www.berneiepenloftspul.nl/uploads/files/OPJEFTESTRYPKE%20AUDYSJE%202020.docx

Wy ferwachtsje dy dan op sneon 11 jannewaris 2020 foar de 1ste audysje yn it BIS-audysjewykein!
→ bern út groep 7 fan 10.00 – 12.00 oere
→ bern út groep 8 fan 13.00 – 15.00 oere
Lokaasje: doarpshûs de Tysker, Skuorrehôfwei 2a yn Easterwierrum.
LET OP: deselde dei hearsto noch asto útnûge wurdst foar de 2de audysje, want dizze sil al de folgjende dei, snein 12 jannewaris fan 10.00 oant 12.00 oere (yn Mantgum) hâlden wurde! Hâldt dizze snein dus ek alfêst frij yn dyn aginda! Spitigernôch sil der net foar alle bern dy’t audysje dogge in plakje by de 2e audysje wêze.

FRAGEN? Skilje dan mei Tineke van der Schaaf til.nr. 06 – 13488000 of mail nei bis.berneiepenloftspul@gmail.com

 

Graach oant 11 jannewaris!
It BIS-bestjoer: Tineke van der Schaaf, Johan Heddema, Annet Hankel, Janneke Bijlsma, Anne Jan Klijn, Sjoukje de Vries en Hiltsje Stremler

 
« werom