Audysjes BIS 2019

Woansdei 13 maart

Op 12 en 19 Jannewaris wiene wer de audysjes fan BIS, it Berne Iepenlofspul te Easterwierrum foar bern fan groep 7 en 8 fan foarhinne Littenseradiel. Mear as sechtich ôfgryslik entûsjaste bern kamen der op ôf. It stik dat dit jier spile wurdt is Macbeth fan Shakespeare, bewurke troch Peter Sijbenga. De rollen binne ferdield en de earste repetysjes binne al west. Wat hawwe we in soad talinten hjirre yn’e omkriten!! Jim komme dochs wol sjen by de útfierings?


Audysjes

Fotograaf: Johan van der Klaauw

« werom