Audysjes foar 2012!!

Tongersdei 22 desimber

De plannen foar it 23e Berne Iepenloftspul 2013 lizze klear.
De audysjes hjirfoar binne op sneon 19 en sneon 26 jannewaris 2013 yn doarpshûs De Tysker, Skuorrehôfwei 2A yn Easterwierrum.
 
it is teamwurk, in goeie foarstelling komt net fansels! Joust dy op dan moatst ek repetearje. Misse der spilers, dan kin der net goed wurke wurde.
Yn it begjin is it repetearjen wat minder en tsjin de ein wat mear, dat sprekt fansels. Lykas yn foargeande jierren moat it ferfier nei en fan de repetysjes troch bern/âlders sels regele wurde.
As âlders har bern tastimming jouwe om har op te jaan, rekkenje wy derop dat de âlders/fersoargers  
. It bestjoer en alle meiwurkers dogge fansels ôfgryslik har bêst, mar sûnder de help fan de âlden kin it net! Wy tinke dêrby oan timmer- en skilderwurk, oan it dekôr en it naaien fan de kostúms. Boppedat wurdt der foar elke spiler in fergoeding frege fan € 50,-, dy’t fia in ienmalige machtiging fan jimme âlders/fersoargers harren rekken ôfskreaun wurdt.
 
ûnferjitlike ûnderfiningfoar woansdei 9 jannewaris 2013Wy ferwachtsje dy dan op de audysje fan sneon 19 jannewaris yn doarpshús De Tysker, Skuorrehôfwei 2A yn Easterwierrum. Foar bern út groep 7 is de audysje fan 10.00-12.00 oere. Foar bern út groep 8 is de audysje fan 13.00-15.00 oere. Elkenien komt yn in groep en docht trije audysjes: toaniel, dûns en muzyk.
Binne der fragen, skilje dan efkes mei ien fan de bestjoersleden. Graach oant sjen!
 
It bestjoer fan it Berne Iepenloftspul,
 
 
Hilda Kramer 0517-342421, Lucy Brouwer 058-2519514, Martine Steensma 058-2501038
0515-755386
<span style="font-size: 10pt;" ,"sans-serif""="">.

 

 

 

« werom