Audysjes foar 2013!

Snein 16 desimber

 Bêste famkes, jonges, memmen, heiten as fersoargers,

 De plannen foar it 23e Berne Iepenloftspul 2013 lizze klear.
Ek dit jier sykje wy wer bern dy’t graach toanielspylje, sjonge en/as dûnsje meie.
De audysjes hjirfoar binne op sneon 19 en sneon 26 jannewaris 2013 yn doarpshûs De Tysker, Skuorrehôfwei 2A yn Easterwierrum.
 
Om’t der in soad oefenjen en repetearjen oan te pas komt, moatst goed witte wêr’tst oan begjinst;
it is teamwurk, in goeie foarstelling komt net fansels! Joust dy op dan moatst ek repetearje. Misse der spilers, dan kin der net goed wurke wurde.
Der wurdt ynearsten repeteart op woansdeitemiddei fan 14.00 oant en mei 17.00 oere en sneon fan 10.00 oant en mei 16.00 oere.
Yn it begjin is it repetearjen wat minder en tsjin de ein wat mear, dat sprekt fansels. Lykas yn foargeande jierren moat it ferfier nei en fan de repetysjes troch bern/âlders sels regele wurde.
Yn prinsipe binne alle repetysjes yn doarpshûs De Tysker yn Easterwierrum.  
 
As âlders har bern tastimming jouwe om har op te jaan, rekkenje wy derop dat de âlders/fersoargers  
ek mei helpe; dat kin net in frijbliuwende saak wêze. It bestjoer en alle meiwurkers dogge fansels ôfgryslik har bêst, mar sûnder de help fan de âlden kin it net! Wy tinke dêrby oan timmer- en skilderwurk, oan it dekôr en it naaien fan de kostúms. Boppedat wurdt der foar elke spiler in fergoeding frege fan € 50,-, dy’t fia in ienmalige machtiging fan jimme âlders/fersoargers harren rekken ôfskreaun wurdt.
 
Wolst graach meidwaan oan de audysje en in ûnferjitlike ûnderfining opdwaan? Stjoer dan bygeande opjeftestrypke mei in resinte pasfoto (gjin gewoane foto) sa gau mooglik, mar yn alle gefallen foar woansdei 9 jannewaris 2013, op nei boppesteand adres.
 
Wy ferwachtsje dy dan op de audysje fan sneon 19 jannewaris yn doarpshús De Tysker, Skuorrehôfwei 2A yn Easterwierrum. Foar bern út groep 7 is de audysje fan 10.00-12.00 oere. Foar bern út groep 8 is de audysje fan 13.00-15.00 oere. Elkenien komt yn in groep en docht trije audysjes: toaniel, dûns en muzyk.
Yn de wike dêrnei hearst atst útnoege wurdst foar de twadde audysje op 26 jannewaris (fan 10 oant 12 oere). Want spitich genôch is der net foar elkenien in plakje.
 
Binne der fragen, skilje dan efkes mei ien fan de bestjoersleden. Graach oant sjen!
 
Bist it opjeftstrypke kwyt, dan kinst die hjir downloade!
 
It bestjoer fan it Berne Iepenloftspul,
 
 
Wiep Bijlsma 0517-342218, Tseard van der Hem 0517-341354, Attie Zijlstra 06-27565861,
Hilda Kramer 0517-342421, Lucy Brouwer 058-2519514, Martine Steensma 058-2501038
as Tricia van der Velde 0515-755386
 
 

 

« werom