Audysjes foar BIS 2019 komme der wer oan!

Tiisdei 18 desimber

Bêste bern út de groepen 7 en 8 fan de skoallen út de Greidhoeke,
bêste memmen en heiten of fersoargers!


Wy sykje bern dy’t graach tonielspylje, sjonge en/of dûnsje meie, want:
de plannen foar it 29ste Berne Iepenloftspul 2019 lizze klear!

Wêrom soesto dat wolle?!
It is in feest! Do spilest, sjongst en dûnsest yn in gesellich team fan bern dy’st hiel goed kennen leare silst. Hast les fan twa regisseurs, in sjongcoach en in dûnscoach, allegear supergoed en superaardich. Do silst talinten yn dysels ûntdekke dêrst noait fan tocht hiest datst se hast. Do learst fan alles, hast in ôfgryslik soad wille, silst optrede foar hûnderten minsken tagelyk (6 foarstellings yn juny) en noch folle mear. En ast tinkst: kin ik dat wol? Kom dan foaral nei de audysje, want dat allinnich is al superleuk om ris mei te meitsjen.

It is net samar wat hear!
Do moast wol goed witte wêr’st oan begjinst. Ast meidwaan meist, dan moast oan de bak! Der wurdt twa kear yn ‘e wike repeteard en omdatst der echt by hearst, moast der ek echt altiten wêze. Toaniel is teamwurk, in goeie foarstelling komt net fansels! Misse der spilers, dan kin der net goed wurke wurde.
Mar it sprekt fansels dat it dat wurdich is, want der is gjinien oar berneiepenloftspul yn Fryslân!

Dit stikje moatte dyn âlders/fersoargers efkes goed lêze:
As jo bern meidocht, hat hy of sy yn alle gefallen in prachtige audysjedei. En as it echt los giet, wurdt it Berne Iepenloftspul en de oanrin dêrnei ta wis in prachtige tiid. De bern hawwe in soad wille, foarmje in hechte groep, leare harren frij te uterjen, te bewegen en te sjongen. Se wurkje mei in moai ferhaal en mei taal en meitsje mei in profesjoniel artistyk team in foarstelling dy’t spetterje sil.

Dat freget wol wat, fan de bern en ek fan jimme!
>> De bern wurde op alle repetysjes ferwachte: op woansdeitemiddei fan 15.00 oant 17.00 oere en op sneon fan 10.00 oant 12.30 oere (fan maaie ôf oant 13.00 oere)
>> De repetysjes binne yn en om doarpshûs De Tysker yn Easterwierrum. De âlders regelje it ferfier.
>> Nei twa audysjerondes folget 26 jannewaris 2019 de kick-off en dan kinne de âlders/fersoargers yntekenje foar help by pr, skilderje, timmerje, klean of dekôrattributen sykje en meitsje. Wy ferwachtsje dat jimme allegearre meidogge, want sûnder in soad help kin BIS net bestean!
>> Der wurdt fan alle spilers in bydrage fan € 75,- frege.

Tastimming byldmateriaal
Yn ferbân mei it rjocht op privacy hawwe wy ek de tastimming fan de âlders/fersoargers nedich foar it meitsjen en brûken fan byldmateriaal. Troch foto’s en fideo’s te pleatsen op ús webside, Facebook, Instagram en Twitter ensfh., wolle wy sjen litte wêr’t de bern mei dwaande binne en wolle wy fansels minsken nei de foarstellings helje. Wy sille mei soarch mei it byldmateriaal omgean. Nei it setten fan in hântekening ûnder it opjeftestrypke geane jo hjir ek mei akkoart. As jo je net fine kinne yn boppesteande, dan betsjut dat dat jo bern net oan BIS mei dwaan kin.

No do wer! Alles goed lêzen? Meist meidwaan fan dyn âlders/fersoargers? Folje it opjeftestrypke yn. Dit kinst hjir downloade!
Wy wolle it graach ynfold werom hawwe FOAR 1 JANNEWARIS 2019!
Wy ferwachtsje dy dan op sneon 12 jannewaris foar de earste audysje:
bern út groep 7 fan 10.00 – 12.00 oere en bern út groep 8 fan 13.00 – 15.00 oere. It is yn doarpshûs De Tysker, Skuorrehôfwei 2A yn Easterwierrum.

Yn de wike dêrnei hearst ast útnûge wurdst foar de twadde audysje op 19 jannewaris (10.00 – 12.00 oere).
Want spitich genôch is der net foar elkenien in plakje.

Fragen? Skilje dan Tineke van der Schaaf, til.nr. 06- 13488000 of mail nei bis.berneiepenloftspul@gmail.com

Graach oant sjen!
It BIS-bestjoer: Tineke van der Schaaf, Ria Kraa, Margje van der Velde, Johan Heddema, Jan Franke Heida, Annet Hankel, Janneke Bijlsma en Hiltsje Stremler

« werom