Berne Iepenloft Spul 2018 set útein

Tongersdei 25 jannewaris

Noch efkes sjonge foar alle heiten en memmen en de twa audysjedagen fan it Berne Iepenloft Spul sitte der wer op. It wiene de ôfrûne sneonen twa hiel leuke dagen fan sjongen, dûnsje en toanielspylje mei in grutte ploech bern en ek wol in bytsje spannend want fan de hast 70 bern is der yn it stik fan dit jier plak foar 36 spilers.

Dy bern sette útein op 3 febrewaris. Mei wat presys, dat witte sy noch net, want dat moat noch efkes in ferrassing bliuwe neffens regisseurs Romke Gabe Draijer en Sjoerd Blom. Sy foarmje mei sjongdosint Joke Krist en dûnsdosint Niels van der Wal de fêste ploech dy’t alle woansdeis en sneons mei de bern tawurkje nei knalle yn juny.

Dat sil grif slagje, seker no’t it Berne Iepenloft Spul yn novimber de Pyt van der Zeepriis wûn hat, de priis dy’t de Provinsje Fryslân ien kear yn de trije jier útrikt oan it amateurtoaniel. ,,In better úthingboerd foar 2018 kinne wy hjir leauw ik net krije”, zei deputearre Sytske Poepjes by de útrikking. 

Alfêst foar de aginda: de foarstellingsdata binne 21, 23, 24, 27, 29 en 30 juny. Mear ynformaasje en kaartferkeap komt op de website www.berneiepenloftspul.nl en fansels op Facebook, Instagram en Twitter.

Op'e Skille - 24 jannewaris 2018 - Troch Ria Kraa


Audysjes BIS 2018

« werom