Berneiepenloftspilers útnoege foar jubileumreúny

Tongersdei 26 maart

Mei in grutte reúny op 31 maaie pakt it Berneiepenloftspul (BIS) dit jier út om it 25-jierrich jubileum te fieren. Dat kin in drokke boel wurde. Want sûnt 1990 jierren hawwe hûnderten bern út Littenseradiel harren earste toaniel-, dûns- en sjongerfaringen opdien yn de pastorijetún yn Easterwierrum. Sy hawwe kloften famylje, buorlju, klas- en doarpsgenoaten meisleept nei de tribunes, dat sa stadichoan hat hast eltsenien út de gemeente - en fier dêr bûten - der wol ien as mear herinneringen oan: faaks oan it alderearste stik Paksoké (dat wie noch yn Jorwert), miskien oan it lêste: Bern de Baas yn 2014. En oars wol oan ien fan de prachtige foarstellings dy’t der tuskenien sieten: fan de Kening fan Katoaren oant de Skippers fan de Kameleon, fan Robin Hood oant Lucky Luck, fan Jungle Book oant Peter Pan.

Ek de kommende jubileumfoarstelling belooft in klapper te wurden: Friezz is in bewurking fan de tophit Frozen fan Disney út 2013, dat no al de best ferkochte animaasjefilm yn de skiednis is. Tekstskriuwer Eelco Veenema hat wer in hiel eigen draai jûn oan it oarspronklike ferhaal (De IJsvorstin fan Hans Christaan Andersen): yn Easterwierrum binne net allinnich de prinsesse-suskes Anna en Elza, in sniepop en in eland de haadrolspilers mar benammen ek in fleurige groep trollen.

De bern binne alwer in hiel skoft hurd oan it rippetearje. Alle wiken nei de Tysker yn Easterwierrum, guon bern twa kear yn ’e wike, om dûnsjen te learen fan Trieneke Verbeek, om de teksten en lieten van Peter Sijbenga yn ’e holle te krijen mei help fan Joke Krist en om de stjerren fan de himel te spyljen ûnder lieding fan regisseurs Eelco Venema en Ytsje van der Meulen.

De âlders wurde ek stevich oan it wurk setten. De bouploegen hawwe de earste dekorstikken klear en de naaiploech wurket oan 95 (!) kostúms dy’t betocht binne troch, wa oars, Anneke Hogeveen. De sponsorkommisje hat al in pear tûzen eurootsjes bijinoar belle (en jawis, der moat der noch folle mear by om út de kosten te kommen). In soad wurk, mar it makket de heiten en memmen hast noch entûsjaster dan de bern en dat is ek wat wurdich.

Magysk moat it wurde, dizze foarstelling oer leafde en it gefaar fan in beferzen hert, en magysk sil it wurde, mei in ploech dy’t 25 jier erfaring yn ’e bûse hat en ferskate kearen ûnderskieden is: yn 2009 mei ‘de Fear’  fan de Ried fan de Fryske Beweging, yn 2007 en 2010 mei in Gouden Gurbe.

 Opjefte reúny

 Opjefte foar de reúny kinne de âld-spilers, âldbestjoersleden en âldfrijwilliers  harren opjaan fia de website of gelyk in mailtsje stjoere nei info@berneiepenloftspul.nl

Foar de ferskate sponsor- en publisiteitsmooglikheden mail marjankoldijk@gmail.com

Op'e Skille - 26 maart 2015 - Troch Ria Kraa

 

« werom