Berne-iepenloftspul spilet Swart/wyt

Tiisdei 8 maart

It Berne-iepenloftspul yn Easterwierrum spilet yn 2011 de foarstelling Swart/wyt, ynspirearre op de film Lang leve de koningin. De bewurking is makke troch Anna Bilkert.  

Swart/wyt fertelt it ferhaal fan in famke, Sietske, dy ’t op skoalle minne sifers hellet en bepaald net populêr is. Alles wurdt oars at Freark by har yn de klasse komt. Fan him leart se it skaakspul. De grutte minsken om har hinne wolle der earst net oan dat Sietske wier skake kin en ek nochris hiel goed. Sa goed, dat sels har heit – de ûnbekende man neist mem op de foto – der fan ûnder de yndruk is.

Wa’t de film sjoen hat, sil grif de bylden noch werom helje kinne fan de pratende en dûnsjende skaakstikken, mei de wite keninginne (spile troch Monique van de Ven) as ynnimmend middelpunt. Oan it artistike team fan it berne-iepenloftspul de útdaging om dy fantasijwrâld op it poadium ta libben te bringen. Regisseur Marius del Grosso: ‘We sitte al wer fol ideeën. Dy skaakstikken allinnich al jouwe in geweldich soad mooglikheden foar dûns en spul.’    

Swart/wyt giet op 24 juny yn premiêre.

« werom