Berneiepenloftspul yn de jungle

Woansdei 12 oktober

Mowgli is in jonkje dat libbet yn de jungle, tusken de wolven fan De Horde fan de Folle Moanne.
Hy fielt sich ien mei de bisten en hat gjin soargen. Mar op in kweade dei rekket syn beskermer Akela ferwûne.

Dat feroaret syn libben. No komme de gefaren fan de jungle op him ôf. It grutste gefaar is ShereKhan, de tiger.
Hoe rede Mowgli en syn freonen Baloe de Bear en Bagheera de Panter harren hjir mei?
De bern út de groepen 7 en 8 fan de basisskoallen yn Littenseradiel binne de spilers yn dit iepenloftspul ûnder rezjy fan Rieneke de Haan en Eelco venema.
 

Plak: Easterwierrun, pastorijtún, Berneiepenloftspul, sneon 20.30 oere, woansdei 14.30 oere, freed 23 juny en sneon 24 juny 20.30 oere, woansdei 28 juny 14.30 oere en freed 30 juni 20.30 oere.

Út LC 15-06-2006

« werom