BIS jubileart en Tseard van der Hem ek!

Freed 17 april

Dat hie hy 25 jier net tocht: dat hy sà folle jierren by it Berneiepenloftspul (BIS) belutsen bliuwe soe. Tseard van der Hem (74) út Winsum is al in kwart ieu de ponghâlder fan BIS. Hy wie net in finansjeel ekspert doe’t hy begûn, mar no giet it as fansels. Begruttingen, betellings, kontrakten, subsydzjes oanfreegje, studio regelje, minwaarkommunikaasje: hy draait er syn hân net mear foar om: ,,Ik bin der hielendal yngroeid.” Syn hûs trouwens ek, gniist hy. ,,De kastdoar yn ’e sliepkeamer kin hast net mear iepen. Allegear doazzen mei argyfstikken.”  BIS is groeid (it budget wie 11.000 gûne, no 53.000 euro), mar it bestjoer hat yn al dy jierren noch noait rúzje hân, stelt hy tefreden fêst. Dat hy soms de iennige man is tusken allegear froulju, fynt hy net slim. ,,Dan doch ik gewoan soms efkes de fingers yn ’e earen en sis dan fan: dááámes!”

It echt moaie fan dit wurk binne fansels de bern. ,,It is sà belangryk dat se wat kreatyfs dwaan kinne. Hoest ek sjochst wat der soms fan wurden is...Nynke Laverman, Evelien Storm, neam mar op. Alders dy’t efternei sizze; wat hat dít goed west foar myn bern.” Fan de 24 stikken dy’t oant no ta spile binne, is Net normaal ien fan syn favoriten. Dat wie fan deselde regisseur dy’t dit jier Friezz op de planken bringt: Eelco Venema. ,,Hy let oe sa op de mimyk. Kinst oan de bern sjen dat se net sa mar wat oprattelje, mar dat se echt begripe wat se spylje. Dat is it aldermoaiste om te sjen.”

Mar no hat it moai west. Der is oare drokte genôch: frijwilligerswurk yn in hospice, de tsjerkerie, it fee fersoarje op syn âlde pleats dêr’t no syn dochter buorket. Hy sil it al misse, de drokte fan BIS. De adrenaline fan dat it no alwer april is en der noch in híél soad gebeure moat, de spanning oft it wer goed komme sil mei de kaartferkeap. Mar fansels komt dat goed, wyt hy yntusken út ûnderfining. En al wurdt der noch om socht, der sil ek grif in hiel betûfte opfolger fûn wurde.

Tseard van der Hem waard yn 2009 Lid in de Orde van Oranje-Nassau foar syn wurk foar BIS.

Op'e Skille; 8 april 2015 Troch Ria Kraa

« werom