BIS Kaartferkeap Film BIS Corp.9021 update

Tongersdei 16 septimber

Bestel jo kaarten foar BIS Corp 9021 stjoer in mail nei
bis.kaartferkeap@gmail.com
 
Der kinne kaarten besteld wurde foar de allerearste BIS film en tagelyk de 30e foarstelling fan it berneiepenloftspul. De Tysker sille wy omtoverje ta in heuse bioskoopseal. 
 
BIS CORP 9021
 
Jo kinne kaarten bestelle troch it stjoeren fan in mail nei bis.kaartferkeap@gmail.com. Yn dizze mail sette jo wanneer at jo komme wolle en mei hoe folle minsken. Fan ûs krije jo dan in mail as befestiging retour mei in rekkeningnummer mei alle fierder ynformaasje.
 
Fanôf 25 september feroaret de  rigeljouwing oangeande corona, bij evenementen, horeka, en fertoaningen fan keunst en cultuur. Der is dan allinich noch tagong mooglik mei in "coronatoegangsbewijs" foar eltsenien fanôf 13 jier! Fanôf 14 jier moat ek it identiteitsbewijs der by toant wurde!!
 
Dizze fersoepeling  jout it Berneiepenloftspul de kâns om mear minsken ta te litten.
Der binne wy fansels hiel bliid mei, mar as besiker binne der spulrigels wer't je je oan hâlde moatte, oars kinne we jim net ta litte.
 
It hâld dus yn dat je in “coronatoegangsbewijs” fia de CoronaCheck-app hawwe moatte, njonken it reguliere tagongsbewiis.
 
Wy kinne no 200 besikers talitte. At we dat oantal berikt ha, komme jo op de reservelist. Dus bestel op tiid om wis te wêzen fan in plakje.
 
Datum Oanfang Aktiviteit
30 septimber 20.15 Filmpremjêre ( op útnûging)
1 oktober 20.15 Filmfoarstelling
2 oktober 15.30 Filmfoarstelling
2 oktober 20.15 Filmfoarstelling
3 oktober 15.30 Filmfoarstelling
3 oktober 20.15 Filmfoarstelling
4 oktober  20.15 Filmfoarstelling 


Yntree:   Bern en folwoeksenen € 13,00 dit is ynklusyf it programmaboekje en 2 konsumpsjes

Ha jo noch fragen: belje 06 - 13 48 80 00 (Tineke Terpstra vd Schaaf) of fia Whatsapp en SMS

 
« werom