BIS krijt bijdrage Rabobank en Woudsend 1816

Freed 18 april

Dit jier krije wy fan it koöperaasjefûns fan de Rabobank en fan Woudsend 1816 bijdragen foar it oanskaffen fan in nij regiehok en in nije ferklaaierstinte foar de bern. Hielendal geweldich! It âlde regiehok wie op. It wie eins net mear ferantwurde om it hok nochris op te setten. Om't it allegearre wol feilich moat hawwe wy in oanfraach dien by de Rabobank en gelokkich is dizze takent. We kinne no in "regiekontainer" oanskaffe! Rabobank tige tank hjirfoar.

Ek ús legertinte wie wol oan ferfanging ta. Ferline jier is der omwaait en dizze tinte is ek al hiel wat jierren âld. En ek op. We kinne no in nije tinte oanskaffe mei nije stuollen, tafels en in flier.  Dêr binne wy ek tige bliid mei fansels.

Derneist wolle wy ek alle oare fûnsen tank sizze foar harren bijdrage!


BIS krijt bijdrage Rabobank

« werom