BIS spilet it stik BIS Corp. 9021!

Woansdei 14 april

Ja, jimme lêze it goed... Berneiepenloftspul spilet yn 2021. Dat it oars as oars wurdt, dat is seker. It is net wat jimme fan ús wend binne. Mar troch alderhande kreative ideeën en útdagingen binne wy ta in nije mylpeal foar BIS kommen: In FILM!

Hoe, wat, wêr en wannear? Dêr komme jimme gau genôch efter.

De repetysjes binne al in pear wike oan de gong, earst online en de lêste wiken oefenje wy ek al mei-inoar. Wy binne dan ek tige bliid dat wy nei it skrassen fan de foarstellingen fan ferline jier ek dit jier wer de kâns krije om te spyljen. De bern dy’t ferline jier ek  by de foarstelling belutsen wiene, binne dit jier fol fjoer oan’e slach gongen mei de nije spilers as echte akteurs op it wite doek. 

BIS Corp. 9021

BIS stiet dit jier net foar it BerneIepenloftSpul, mar foar BIS-Corp. 9021. Dat stiet foar Believe Interestrial Space Corporation. Jimme hearre it goed, dit jier gjin foarstelling, mar wy geane op syk nei in nije-bewenbere-wrâld. Want dizze wrâld is ôf, klear, neat mear oan te dwaan. Mei alle ellinde dy’t derby heard. En wat as in kat yn ’t nau sit? Dan fljocht hy nei boppen ta. En dat sil BIS-Corp. 9021 ek dwaan, op nei in oare wrâld. Logysk dochs?

It is 2021 en de wrâld leit der min hinne: ûntefreden minsken, minsken dy’t lilk of net earlik binne, útsluting, nijs dat net nijs is, stikstof, plestik en pandemiën folje de loft oant in ferstikkend gehiel. Mar lokkich hat BIS Corp. 9021 wat nijs fûn, en in planeet: Area 9021. En wat docht bliken? Der is al libben! En wy binne dêr wolkom, hiel wolkom sels!

Dat lit BIS Corp. 9021 har net noch in kear sizze. In selekte groep kriget tagong ta Area 9021 om op ’e nij te begjinnen. Sy meie sels harren eigen hûs neibouwe, foar it echte ‘thúsgefoel’. Fierder wurdt it in wrâld dêr’t sy alles goed dwaan sille. Want sy hawwe wol wat leard fan alles wat der misgongen is op ús ierde.

Dus keapje dyn unike kaartsje en stap oan board: op nei in nij begjin, op nei in nij libben! Nijsgjirrich wurden ? Hâld ús Facebookside, de webside of de Op ’e Skille yn ’e gaten. Wy komme gau mei mear nijs! En wês de earste dy’t meigiet op reis nei in nij libben. No snappe jimme ek wol wêr’t dy mysterieuze monoliten wei kamen, tink ?


Foto's Monolieten yn'e Greidhoek

Fotograaf: PR Kommisje

« werom