BIS SPILET "TROCH DE RAARDERBOSK"

Snein 9 febrewaris

Troch de Raarder Bosk.

 

It BerneIepenloftspul bestiet yn 2020 al wer tritich jier. En om dat te fieren moatte wy dit jier efkes troch de Raarder Bosk. Kinne jim dy útdrukking, “efkes troch de Raarder Bosk moatte”? As je earne benaud foar binne, gjin sin oan ha, as je net doare, koartsein, as je earne tsjinoan skytskoarje, dan moat je efkes troch de Raarder Bosk!

Dat jildt dus ek foar Hans, dy audysje dwaan sil foar it Berneiepenloftspul. Syn mem is oesa entûzjast, want dy hat yn 1999 ommers sels noch meidien. Mar Hans skytskoarret der in bytsje tsjinoan. En dan dogge se dit jier ek noch wat mei mearkes. Sprookjes!

Mar alle goeie ferhalen bínne mearkes. Ferhalen dêr't minsken, lykas do en ik, troch de Raarder Bosk hinne moatte om har doel te berikken. Heksen en boaze wolven lizze oeral op de loer… mar der bin ek prinsen en moaie famkes mei lang hier. En wêr't oan 'e iene kant út klearebare earmoed de lêste ko ferkocht wurde moat, komt oan 'e oare kant it goud út 'e himel.

Ek Hans moat sich in paad troch de Raarder Bosk wrakselje, op nei it ferlossende antwurd. 

Troch de Raarder Bosk is basearre op de Amearikaanske musical “Into the Woods”, dy't al sûnt 1986 oeral yn 'e wrâld opfierd wurd en in pear jier lyn suksesfol ferfilme is. It is in feestlik stik foar in feestlik barren: it tritichste Berneiepenloftspul! Meld dy oan

 
« werom