BIS te folgjen fia nije media...

Snein 15 maaie

(Troch Anna-Marie Tinga-Schoustra)

Hyves, Twitter, Facebook, ynternet, webside, Youtube....De nijichheden folgje mekoar tsjinwurdich sa rap op dat it foar in digibeet amper by te hâlden is. Mar bern pikke it sa mar op en dus giet ek it Berne-iepenloftspul yn de nije mediamooglikheden mei.

Sa is de webside yn in nij jaske stutsen, passend by de foarmjouwing fan de foastelling "Swart/Wyt", mei in soad kleur. De webmasters binne drok dwaande om de skiednis en foto's derop te setten fan 20 jier BIS. In hiele put om alles út te sykjen mar as it klear is, dan fine je it as âld spiler geweldich om josels ris werom te sjen as der oer te lêzen.
Ek de kaartferkeap fan BIS giet digitaal, sawol it bestellen as it beteljen kin fanôf 23 maaie op de webside. Aanst gjin files mear by de kassa foar it beteljen mar allinnich it kaatsje ôfhelje.
Klips en reportaasjes op YouTube binne der al in pear jier, nij is dit seizoen dat alle tariedings te folgjen binne op BIS TV. Hoe kaam dit no ta stân? Guido Dijkstra seach filmkes fan Jacob Fokkens op YouTube en fûn dizze tige aardich. Se kamen mei mekoar yn kontakt en doe't bliken die dat Guido wol presentaasje wruk die, kaam it idee om BIS TV te meitsjen.
De jonges folgje it proces fan de produksje "Swart/Wyt" en meitsje der sa in prachtige rige fan. De searje is te folgjen op de webside en de bern freegje geregeld fia it gasteboek wannear de folgende ôflevering komt. Dus no al in grut sukses.
Krije jim ynkoarten it struibriefke fan de foarstellings  2011 yn de bus, dan stiet der in saneamde QR-koade op en as jo dit dan foar de QR reader fan de mobyl hâlde komme jo op de webside fan BIS. Gewoan www.berneiepenloftspul.nl yntype op de kompjûter kin fansels ek.
Mar de bêste manier op BIS te folgjen is fansels om dizze simmer 'live' nei de foarstellings te gean!!

 

« werom