BIS: wurk yn ˙tfiering en sels meitinke

Woansdei 16 maaie

Mar…..is dit wol it Berneiepenloftspul hjir fannemoarn yn De Tysker yn Easterwierrum? It liket mear op keatsles as op dûnsles! Der is wol muzyk mar wat de bern dogge is keatswanten tichtknoopje, baltsje opslaan, boppeslach, ensafuorthinne.

Mar it is al gau dúdlik. De wrâld fan Alice yn Wûnderlân is yn de BIS-ferzje fansels in Wûnderlân mei in Fryske twist. De reade keninginne, dy gebakfrettende, holle-ôfhakjende heks, hâldt in hiel soad fan keatsen. Keatsen fan it bloederige soart, mar dêroer neat mear, dat sjogge jimme wol yn de foarstelling.

En dat keatsen, dêr komt fansels in liet by. En in dûns. In keatsdûns dus. ,,Eeeeeen we gaan op de één!“, tellet dûnsdosint Niels van der Wal af. ,,En boem! En terug! En boem! En terug! Eeeeen je hoofd tussen je armen, alsof je geraakt wordt door een kaatsballetje! En heen en weer!“

De bern witte it al aardich, mar Niels set de muzyk nochris oan. En nochris. En nochris. ,,Dit is de lêste kear hear!“ Oefenje is werhelje en werhelje en werhelje.

En soms wat nijs betinke. ,,Je kunt ook wisselen he“, seit Sybritt. ,,Dat doe je bij kaatsen ook.“

 ,,O ja? Aha! Leuk!“, zegt Niels, en hij stopt direct een wissel in de dans. Want wat is leuker as dat in spiler Wels wat ynbringt.

Regisseur Romke Gabe Draaijer en ynstekster Alie Stropsma komme ek noch efkes sjen. Niels makket der dan fuortendaliks in mini-show fan: de bern meie ek in pear oare dingen sjen litte. As arrogante ballerina’s dûnsje se, en as dronken minsken. ,,En sta!“

Klear. Noch even mei syn allen yn de kring, foar in fraach as in opmerking. En foar de kompliminten. ,,Hiel goed wurke jimme!“, jout de regisseur mei. ,,En wat hawwe jimme sels ek moaie gekke dingen betocht. Bedankt! Want dat is it moaiste: dat jimme sels ek dingen betinkel“

Troch: Ria Kraa

Niels van der Wal danst zelf fanatiek mee. Foto: Johan van der KIaauw

 

« werom