De BIS-bern knokke har troch de repetysjes hinne..

Freed 22 maart

As jo op in sneon yn maart it Bogermankolleezje yn Wommels binnenstappe, tinke jo dat der in groep judoka’s hurd oan it trenen is. Sa’n 25 bern yn judopakken en oare sportklean, drave, springe, kopkedûkelje en ploffe op de dikke matten yn it gimmestyklokaal. Mar it binne gjin judoka’s, it binne de akteurs en aktrises fan it Berne iepenloft Spul 2013. Se moatte leare hoe’t se fjochtsje kinne sûnder inoar sear te dwaan. En, noch wichtiger, se moatte leare hoe’t se falle kinne sûnder dat se harsels sear dogge.

Dat falt noch net ta. Judolearaar Libbe Jonkman fan judoskoalle Jonkman besiket de bern yn trije lessen de basis fan it judo by te bringen. Doe’t er himsels foarstelde liet er sjen wat er bedoelt as er hat oer ‘falbrekke’. De BIS-bern skrokken har it apelazerus doe’t er in soarte fan salto makke en himsels dêrby plat op’e rêch falle liet…. En it die net iens sear! Sá moat dat dus…. Soe it slagje dat de jongens en famkes oan te learen yn mar in pear lessen? We sille it sjen yn juny yn de pastorijtún fan Easterwierrum as dêr it stik Asteriks en Obeliks en de yntrigant opfierd wurdt. By it neamen fan dy titel wurdt ek dúdlik wêrom oft de bern leare moatte om te fjochtsjen en te fallen: it giet der altyd rûch oan ta tusken de Romeinen de Galiërs. En as Asteriks en Obeliks ien kear oan it fjochtsjen slaan, dan fleane de Romeinen troch de loft! Dat belooft in grut spektakel te wurden….
Asteriks en Obeliks en de yntrigant is in frije bewurking fan in besteand stripferhaal. It is skreaun troch Jan Schotanus en Jelmar Hoekstra. Dy lêste nimt dit jier ek de rezjy foar har rekken, werby’t se assistearre wurdt troch Lucinda Weijer. Maaike Oosterhaven hat de muzikale lieding en Sherryl-Joy Cramer soarget foar de dûnsen.

 

Op'e Skille, 14 mrt 2013

« werom