De lêste puntsjes op de i

Tongersdei 6 juny

Al by it ynrinnen fan de pastorijtún yn Easterwierrum is dúdlik dat der de lêste wiken in protte wurk ferset is. It dekôr is hast hielendal klear. Der is omraak timmere, skroeve en ferve. De tribunes steane teplak en achter it dekôr stiet in grutte legertinte as omklaaiersplak foar de spilers. Noch tsien dagen en dan is de premjêre. De puntsjes moatte op de i. Hjir en dêr wurdt in sêne feroare en regiseusse Jelmar jout oan ien tried troch noch oanwizings: “Hjir stean, iepen nei it publyk ta”, “spylje grut!” en “Senturion! Roelof! Kom op! Hiest der al wêze moatten!”

Ek by dûnsjuf Sheryl begjinne de premjêresenuwen te kommen: “Schuiven, schuiven, schuiven!! Die kant op!! En overdreven lief kijken!” Dochs is de sfear dy lêste dagen foar de premjêre noch aardich ûntspannen. As Jelmar op in bepaald stuit ‘losers’ ferstiet wylst der ‘dûnsers’ sein waard, leit de hiele groep krom fan it laitsjen.  En sa is der geregeld efkes in grapke tuskentroch.

Der wurdt foar it earst repeteard mei sindermikrofoantsjes. Dat betsjut dat it spul gauris stil lein wurde moat omdat in sinder stikken is of omdat de technikus ynstruksje krijt oer hokker muzyk der klinke moat.  It hellet de gong der út, mar is wol nedich. Ek de lûdstechnikus moat it stik aansten goed yn de fingers ha.

De sneons nei de lûdrepetysje wurdt der in trochrin mei kostúms dien. Yn de ferklaaierstinte lizze skema’s mei dêrop oanjûn wa’t wannear wat oan ha moat. Foaral de dûnsers moatte har somtiden dravende wei omklaaie. Memmen stean klear mei de kostúms, de spilers skowe de earmen yn de mouwen, strûpe hurd in rok oan en drave dan nei in oare mem dy’t in sjaal om de mul bynt. It is ien grutte hektyk, mar it slagget om de dûnsers krekt op tiid wer op it poadium te krijen. Der wurde oantekens op it skema set: “in soad help nedich”, “split moat rjochts”, en “dizze dûns sûnder harnas”. Ek de âlders moatte ynstruearre wurde sadat alles op de premjêre goed ferrint.

Sa wurdt freed 7 juny in spannende dei  foar bestjoer, meiwurkers, it artistyk tiim, de âlders en fansels de bern dy’t meispylje. Fan jannewaris ôf is der hurd repeteard om alle teksten, dûnsen en  ferskes der yn te stampen. Twa kear wyks trijenheal oere oefenje en de lêste wiken kamen der noch  repetysjedagen by, want de tiid begûn te dringen en ‘it stie noch net’ . In hiele belesting foar de bern , mar se hiene it der graach foar oer want BIS is gewoan hartstikke leuk!

It giet net allinne om it spyljen, dûnsjen en sjongen. BIS is folle mear. BIS is meiinoar der foar soargje dat der wat moais ûntstiet. Dat hiele proses fan in healjier lang yntinsyf dwaande wêze oan ien grut projekt is in prachtige erfaring dy’t de bern har hiele libben lang werinnerje sille.

De premjêre fan ” Asteriks en Obeliks en de yntrigant” is op freed 7 juny om healwei njoggenen. Kaarten foar dit spektakel binne te bestellen fia de site: www.bis2013.nl

Toi toi toi foar alle spilers!

Op'e skille - 5 juny - troch Geartsje de Vries

 

« werom