Dûnsers moatte wenne oan de grutte tún

Tiisdei 10 juny

De pastorijtún yn Easterwierrum is de lêste wiken hurd feroare. Der stiet in mansk dekôr dêr’t de Roomske tsjerke fan Easterwierrum in natuerlik part fan is. Op it rûne toaniel in groep fan sa’n 16 bern. It is de dûnsploech, dy’t ûnder lieding fan juf Sherryl Cramer in ekstra repetysje hat. De oare spilers binne allegear yn Snits, foar de opname fan de cd.
It sit net mei foar Sherryl en har dûnsers . De muzyk wol net sa’t sy wol: healwei in lietsje hâld de cd-spiler hyltyd op. Knap frustrearjend, want der moat in soad dien wurde op dizze moaie sinneskyn dei. Moannenlang is der repeteard yn de Tysker, de fêste oefenlokaasje fan BIS. Dat binne hiel oare omstandichheden as it spylflak yn de patorijtún. Boppedat binne der no hichtes en treppen dêr’t gebrûk fan makke wurde moat; eat dat yn de Tysker net repetearre wurde kin. “De dansen moeten nu op de tuin gezet worden. De Tysker is natuurlijk veel kleiner, dus heel vaak moeten we nu sneller lopen en grotere passen maken”.
De oanwizingen fan Sherryl folgje inoar yn rap tempo op: “een aantal van jullie doet nog zo” en se makket in pear rêstige, floeiende bewegingen. “Maar ik wil het zo!” en se lit deselde bewegingen sjen mar no folle strakker en feller. “Nog een keer”. En dêr gean se wer. It falt net ta om alles te ûnthâlden en Oeral tagelyk om te tinken. En it wurdt noch dreger: Op de premjêre is ien fan de dûnsers der net. Se hat tagelyk it skoalkamp. Har rôl binnen de groep moat dus op de premjêre troch oaren oernommen wurde.
It is prachtich om te sjen hoe konsintrearre de hiele ploech oeren lang dwaande is. Sûnder protest wurdt in dûns hieltyd wer opnij oefene, om it oer in pear wike op de premjêre sa perfekt mogelik te krijen.
Sa wurdt it tongersdei 12 juny in spannende dei foar bestjoer, meiwurkers, it artistyk tiim, de âlders en foaral foar de jonge akteurs en aktrises. Dan sil bliken dwaan wat it moannenlange krewearjen opsmiten hat. Oan de spilers en dûnsers sil it net lizze: sy dogge har stjonkende bêst der in spetterjende foarstelling fan te meitsjen.
Nei de searje foarstellings sil it sûnder mis dreech wêze om werom te fallen yn it gewoane ritme want BIS hat in heal jier lang in belangryk part fan har libben west. Se ha meiinoar en mei it artistyk team yntinsyf wurke oan in grut projekt. In ûnderfining dy’t fêstwoartele wurdt yn harren ûnthâld.
De premjêre fan ”Bern de Baas” is op tongersdei 12 juny om healwei njoggenen. Kaarten foar dit spektakel binne te bestellen fia de site: www.bis2014.nl
 

Toi toi toi foar alle spilers, dûnsers, artistyk team en oare meiwurkers!

Troch Geartsje de Vries - Op'e Skille 5 juny 2014


 

« werom