Dûnsje is in passy!

Moandei 14 maaie

Ek dit jier wurdt der wer hurd troch bern oefene foar de sân foarstellings fan it Berne-Iepenloftspul (BIS) yn Easterwierrum.  It stik giet oer "De Stim fan Lûdsjewierrum". It is spesjaal skreaun foar it Berne-Iepenloftspul 2012. Fan ein febrewaris ôf binne de bern dwaande mei it repetearjen fan ferskes, toaniel en dûns of fan 23 juny ôf te skitterjen yn de pastorytún fan Easterwierrum.                                  

De groep bestiet dit jier út wol 34 (!) bern. De koreografy leit yn hannen fan Wilma Hoornstra. En dêr is it BIS aardich grutst op. Wilma Hoornstra dûnske sels û.o. yn de musicals Cats, Chicago en Joe. Hja hat ek koreografyen makke foar ferskate teaterfoarstellings. Bekende jeugd teater-shows/musicals dêr’t hja as regisseuse/koreografe har paad wol skjinmakke hat binne: ‘Kikker’,  ‘Woezel en Pip’, ‘Ernst & Bobbie’ en ‘Krystmerakels’.  En dan no it Berne-Iepenloftspul 2012 yn Easterwierrum! 

Wilma Hoornstra hat earder wurke mei Peter Sijbenga, de skriuwer fan “De Stim fan Lûdsjewierrum”. Doe’t hy har frege foar it Berne Iepenlofstspul 2012 en hja yn har aginda noch wat romte hie, hoegde sy net lang nei te tinken. “Het leuke en speciale van dit stuk is, dat ieder kind aan alle onderdelen mee mag doen”, jout Wilma oan. “Tijdens de repetities komt de voorstelling tot leven. Het is een uitdaging om uit alle kinderen hun beste talenten naar voren te halen.”  Ûnderdielen wurde yn lytsere en gruttere gearstalling oefene. Mei de nedige humor en enerzjy bringt Wilma Hoornstra har passy foar dûnsjen oer op de bern.  “Theater is grensverleggend. De kinderen versterken elkaar en zijn echt even in een andere wereld. Dat is geweldig om te zien.”   

En dat kin:  yn de pastorijtún fan Easterwierrum op 23, 24, 27, 29 en 30 juny, 4 en 6 july 2012.

Ynformaasje en kaarten: www.bis2012.nl.

 

« werom