Eigenwize Mantsje Peter Pan wurdt mar net âlder

Woansdei 12 oktober

Troch Gerrit Hoekstra, Op'e Skille 1 april 2010

Peter Pan. Wa kin him net? Dat eigenwize mantsje, dat net âlder wurde wol. Mar eins is Peter Pan al flink op leeftiid!! Hy is 90 jier ferlyn yn London betocht troch J.M. Barry, dy't trije ferhalen oer Peter Pan en Wendy betocht. Boeken foar grutte minsken, want Peter Pan wie net in berneboek. Hoe kin it no, dat sa'n âld ferhaal feroaret yn it Iepenloftspul foar bern?

As de lêskommisje in besteand ferhaal útsocht hat (soms betinkt in skriuwer in hiel nij ferhaal, lykas Ferjiteilân!), jout it bestjoer in bewurker de opdracht om dat sa te feroarjen dat it geskikt  wurdt foar BIS. Meastal moatte der dan nije persoanen betocht wurde: der dogge ommers altiten in protte bern mei yn Easterwierrum. It ferhaal moat him ek bûten ofspylje fansels: in iepenloftspul op in sliepkeamer soe in bytsje gek wêze!
Mei de bewurking geane oare minsken oan de slach: de lieteskriuwer en de komponist foar de ferskes, de goreograaf foar de dûnsen, de dekôrbouwer, de kleanûntwerper en gean sa mar troch. De groep minsken dy't it stik makket ûnder liedeing fan de regisseurs wurdt stadichoan grutter.
Tusken de keuze fan it stik en de earste repetysje leit dan ek mear dan in jier wurk! En no is it wurd oan de spilersploech: dy repeteart him it swit op'e kop, mar de beleaning is grut. In fet applaus foar in groep dy't fan in âld ferhaal wer hiel wat nijs makke hat!!
 

 

« werom