Elkenien betanke!!

Moandei 7 desimber

It rint alwer nei it ein fan't jier 2016. We hawwe in prachtich moai jier hâwn mei De Geast fan Spultsje Littens. Troch it iet wat mindere waar, hawwe wy dit jier spitich genôch minder besikers hâwn as by ús jubileumjier. Wy hoopje dat takom jier wy wer wat mear minsken ferwachtsje kinne. Want minsken sûnder jimme as besiker kin it BIS net bestean! Dus yn 2017 mar gau werris nei in foarstelling fan it BIS. De bêrn fertsjinje it. Wy hawwe by de Gouden Gurbes ek noch 2 nominaasjes krigen. Wat wolle jo noch mear. Ja in G.G. mar takom jier yn 2017 wer kâns!

De earste taridings foar BIS 2017 dêr binne we ek alwer drok mei dwaande. Ynkoarten mear oer wat wy yn 2017 spylje sille op dizze side. We hâlde it noch hieeeeeeeel efkes geheim.
 

Wy wolle alle sponsoren, fûnsen en alle meiwurkers TIGE TIGE Tank sizze foar harre stipe en alle ynset foar it jubileumjier!

Wy winskje elkenien Noflike Krystdagen en in goed 2017 ta!

OANT SJEN en oant yn 2017!

It Bestjoer BIS

« werom