Fan dream nei kostúm

Tongersdei 9 juny

Út Op'e Skille - 9 juni 2011
Troch Anna-Marie Tinga-Schoustra

Meters stof, elastyk, naaiersjern, knopen, lintjes ensafuorthinne lizze om Anneke Hogeveen hinne. Mar foardat se der mei oan de gong kin, is der al in hiel tinkproses oan foarôf gien.

Foar it Berne iepenloftspul is Anneke al mear as tweintich jier de kleanûntwerpster en har ynspiraasje docht se faak op troch it lêzen fan it skript mar ek har eigen dream en fantasywrald wurket mei.

It leafst soe se neist alles sels betinke ek sels alles meitsje wolle, mar mei in grutte produksje sa as BIS
(dit jier mear as 130 (!) kleanstikken) kin se net sûnder har hulplinen as de naaiploech en de âlders fan de spilers.

It komt elts jier wer klear, mar oan it stik Frisia Ave hat se noch wol it oantinken dat se flak foar de premjêre noch gau op syk moast nei t-shirts mei lange mouwen, want mouleaze kostúms wie net de goeie kar yn dit kâlde Fryslân. Dernei is der ek nea wer in kostúm sûnder mouwen betocht en makke.
Soe it libben fan Anneke allinnich út BIS bestean? No nee hear, se hat it ek noch drok mei it regisearjen fan amateurtoaniel, se makket ferteljassen en tassen en is frijwilliger by in téaterboartersplak yn Wyns, dus ferfele dochst se har nea.
Doe’t se foarich jier de Gouden Gurbe krige foar tweintich jier BIS kleanûntwerpen wie se hiel ferrast en fereard. Anneke fynt dat in produksje mei syn allen makke wurdt en eltsenien in ûnderdiel is yn dit gehiel. Mar Gurbe hat in moai plakje krigen, net op de skoarstienmantel mar eltse jûn sit der njonken har op de bank.

En tegearre dreame se dan oer it stik dêr ‘t se graach noch in kear de klean foar betinke wol, nammentlik Alice (Anneke) yn Wûnderlân !

Wa wit komt it noch in kear út, mar dit jier sjogge we earst nei de prachtige, kleurryke kreasjes fan it stik Swart/Wyt.

« werom