Foarstikje FD 21 juni 2012

Woansdei 11 july


Sjongend en dûnsjend op syk nei winst..

Is ferlies of winst ôfhinkelik fan it oardiel fan in sjuery? Nee, dat leart "De Stim fan Lûdsjewierrum", it berneiepenloftspul fan Easterwierrum. Om in ronde fierder te kommen, binne hiel oare saken wichtich.

Hikke, haadpersoan út De Stim fan Lûdsjewierrum, kin prachtich sjonge, Sa moai dat der in sjuery op ôfkomt om him te beharkjen. Mar troch alle stress bejout Hikke har stimme it krekt foardat de sjuery komme is. Is dy noch op'e tiid te rêden? Der bestiet in krûd dy't  stimmen hielje kin, witte de broerkes en suskes fan Hikke: it Lûdekrûd. Yn'e lûdetún fan Teake Túnman geane se op 'en paad nei it krûd, in krûd dat him net samar fine lit, mar dat stap foar stap ûntdutsen wurde moat.
It wie dramaturch en Littenseradielster Hans Brans dy't de earste oanset joech, fertelt musikus en tekstskriuwer Peter Sijbenga. "Hy frege him ôf oft der net in stik skreaun wurde koe dy 't noch mear rjocht die oan de âldens fan de bern. De ôfrûne berneiepenloftspullen hiene wol dúdlik makke dat muzyk en dûns as stilearre foarmen bern hiel goed lizze. Mar op akteargebiet komme se faak noch net fierder as it opsizzen fan 'e tekst. Om in rol hielendal trochlibje te kinnen, moatte je miskien krekt wat âlder wêze". Peter Sijbenga pakte de útdaging op om mei Hans Brans en regisseur Froukje van Houten in stik te skriuwen út 'e muzyk wei ynstee fan út 'e tekst. "Neam it in libretto, in teatrale opfiering mei muzyk yn'e haadrol." De musikus skreau himsels ek in rol: de muzikale Teak Túnman. "Omdat it gewoan aardich is om in live musikus yn in stik te hawwen. Dêrneist is it as muzikaal lieder ek hiel handich."
Yn de  Stim fan Lûdsjewierrum spylje bern benammen bern. Sijbenga: "Ferline jier haw ik in tekst skreaun foar it berneiepenloftspul fan Drachster Companije. Doe waard ek hiel dúdlik: wat tichter bern by harren sels bliuwe, wat oannimliker de rol wurdt."
Lykas wenst wurdt der spile, songen en dûnse. Van Houten: "Mar it aksint leit noch mear op it muzikale. Sa binne der oeral op it poadium ek bern te finen dy 't harren ritmysk, fia in muzykynstrumint of yn omjouwingslûden hearre litte." Sy foarmje de lûdsbasis as de broerkes en suskes yn 'e lûdetún op syk geane nei it krûd." De syktocht is in bytsje a la Alice yn Wonderland; op harren syktocht komme se de frjemdste saken en lûden tsjin. De Stim fan Lûdsjewierrum referearret stikum ek oan al dy sjueryprogramma's fan hjoed de dei, fertelt Sijbenga. "Yn dy tillefyzjeprogramma 's wurde al hiel jonge bern yndield yn slagge of net. Freeslik, fyn ik dat. Yn dit ferhaal hinget ide winst net ôf fan 'e sjuery mar yn it feit dat de broerkes en suskes harren sus helpe om út de swierrichheden te reitsjen. Dêrtroch komme jo echt in ronde fierder."
 

Troch Gebrich van der Meer -  FD juni 2012

 

« werom