Fotoshoot foar de poster

Woansdei 30 april

 “In lyts stapke nei rjochts en do noch in stapke nei foaren. Ja, hiel goed. En no leaf, mar wol ‘cool’ yn de kamera sjen!” Wybo Smids fan studio Smids jout oanwizings oan in groepke bern dat op de foto komt foar de poster fan it berneiepenloftspul. Fotograaf Piet Douma, feroaret sa no en dan noch wat oan de opstelling, mar de twa manlju binne sa op elkoar ynwurke dat dat net iens sa faak foarkomt.

“De poster is ferskriklik wichtich want dêr hingje wy de hiele PR oan op” fertelt Wybo. Alle bern dy’t meidogge oan it berneiepenloftspul krije in poster mei nei hûs en hingje dy foar de ruten en de poster wurdt ek brûkt as byldmerk foar de website en de flyer.

Der wurde in hiel soad foto’s makke. Bern yn ferskillende gearstallings en yn yn ferskillende poses. As alle foto’s makke binne, giet Wybo der mei oan de slach. “Earst moatte we it idee ha foar de poster. Ik ha no wol wat fage ideeën, mar pas as ik de foto’s sjoch, wit ik oft dat ek wurket, fandêr dat we de bern op ferskillende manieren fotografearje.  As ik de foto’s fan Piet krigen ha, pruts ik der wat mei om op de kompjoeter en dan ûntstiet it wol”.  Wybo bewurket de foto’s, knipt en plakt der mei om en sa ûntstiet dan earst in rûge fersy dy’t er nei Jelmar Hoekstra - de regisseuse - en Anneke Hogeveen - de kostúmûntwerpster - stjoerd. “Dy kinne der op sjitte, we maile wat hinne en wer, oant it definitive idee der is en dan perfeksjonear ik it”.

Om in byld meitsje te kinnen dat oanslút by wat der aansten yn de tún yn Easterwierrum te sjen is, moatte de bern harren kostúms oan. Foar de lytse akteurs en aktrises, dy’t harren toanielklean foar it earst ûnder eagen krigen krije, is dat in hiel feest. Oerstjoer en oerémus stean se foar de kamera, mar sadree’t Wybo de oandacht freget is de konsintraasje der en sjogge se boas, leaf of ‘cool’; mar krekt wat Wybo wol. It resultaat sil ynkoarten rûnom yn Littenseradiel te sjen wêze.

Troch Geartsje de Vries - Op 'e Skille - 24 april 2014

« werom