Gouden Gurbes 2012...it publyk hat sprutsen....

Tiisdei 9 oktober

Bêste spilers, âlders en meiwurkers,

In stikje út it juryrapport:
“Dekôr en kostúms binne yn Easterwierrum altyd goed fersoarge en in geniet foar it each.
Dêr kaam no in orizjineel ferhaal fan Hans Brans by, mei in knypeach nei alle Idols- en X-factor-eftige
programma’s fan hjoed-de-dei. It stik joech de bern alle romte om te dûnsjen en te sjongen op
de hiel fariearde, maklik yn it ear lizzende ferskes fan Peter Sijbenga”.

Alle lof oan it artistike tiim, oan al die frywilligers en âlders mar foaral oan de bern dy’t de Stim fan Lûdsjewierrum spile, songen en dûnse ha.
Geweldich, wat binne wy as bestjoer supergrutsk op jimme. En dêrom is dizze Gurbe ek dik fertsjinne.......!!!

Het publiek heeft gesproken!

Tige, tige tank allegearre.

Bestjoer Berne Iepenloftspul Easterwierrum
 

Sjoch hjir foar de priisútrikking fan de Gouden Gurbes

« werom