Haadrol musyk yn BIS 2012 - Op'e Skille 12 april

Moandei 16 april

Haadrol foar musyk yn BIS 2012

It berne-iepenloftspul bringt dit jier gjin besteand ferhaal of bewurking fan in film, mar in orizjineel stik spesjaal makke foar BIS. Skriuwersduo Hans Brans en Peter Sybenga tekene foar it skript fan de foarstelling fan 2012, mei as titel 'De stim fan Lûdsjewierrum'.

Hans Brans levere al earder in bijdrage oan BIS, yn 2009 makke hy in toanielbewurking fan it boek Spegelspreuk fan Lida Dijkstra. 'Fan in boek in toanielstik meitsje is best in kreative útdaging, mar eins jûken my doe de hannen al om foar dizze doelgroep sels in stik te betinken,' sa seit de toanielskriuwer út Weidum. Sterk punt yn de BIS-foarstellings is nei syn betinken de musyk. 'By bern bin ik earder rekke troch in moai liet as troch in moaie sêne.' It brocht him op it idee om in stik te meitsjen dat musyk as sintraal thema hat yn stee fan inkeld yllustraasje by it ferhaal is. Wa 't musyk seit, seit Peter Sijbenga, al jierren lang de man dy 't foar BIS ûnferjitlike lieten makket. Peter  hie der wol earen nei om in foarstelling te meitsjen mei musyk yn de haadrol. Fan pril idee kaam it ta in offisjele skriuwopdracht fan it BIS-bestjoer. Wat de beide mannen foar eagen stie wie om út it wenstige patroan fan sêne – ferske – sêne – ferske te stappen en in stik te meitsjen fol lûden en muzikale ferrassings. Oft dy opset slagge is, kin elts fanôf 23 juny mei eigen eagen (én earen) besjen yn de pastorytún fan Easterwierrum. De jeuchdige spilers binne der al wol oer te sprekken. 'It is hiel spannend en grappich', sa wie by de repetysjes al te hearen. 'En der bart fan alles en noch wat!'

 Út Op'e Skille fan 12 april 2012

 

« werom