In moai mar pittich skaakspul

Sneon 25 juny

 

Plak: Easterwierrum, Pastorijtún. Barren: berne-iepenloftspul ‘Swart-wyt'. Skriuwer: Anna Bilker. Regy: Marius Del Grosso en Anke Boersma. Muzyk: Kees van der Meer en Peter Sijbenga. Dûns: Sheryl-Joy Cramer. Dekor: Jaap Groen. Kostúmûntwerp: Anneke Hogeveen. Belangstelling: 450 minsken. Noch te sjen: 26 en 29 juny, 1, 6, 8 en 9 july. Ynformaasje: www.berneiepenloftspul.nl
 
EASTERWIERRUM – It berne-iepenloftspul fan Easterwierrum is alle kearen wer oars, mar der binne wol fertroude eleminten: in dekor dêr't oer neitocht is, kostúms dy't in lust foar it each binne, bern dy't sûnder skrutelens spylje en sjonge, fleurige dûnskes en flotte muzyk. Gauris wurdt der in útstapke makke nei in fantasijwrâld, dêr't it ûnmooglike kin.
Ek diskear wurdt it publyk meinommen nei in oare werklikheid, mei keningen, keninginnen, hynders en soldaten: de wrâld fan it skaakspul. It ferhaal is yn opset frij ienfâldich: in famke wurdt grutbrocht sûnder heit, hat it dreech op skoalle, mar rekket troch in freontsje yn de besnijing fan it skaakspul. Se giet hielendal op yn de wrâld fan de skaakstikken en leart al gau hoe't it spul wurket. Troch in skaaksimultaanséânse fynt se har heit werom en wurdt dúdlik dat se it talint net fan in frjemd hat.
It stik is in bewurking fan de film ‘Lang leve de koningin' út 1995. Dy film docht no alwer wat datearre oan, mar dat is yn dizze útfiering absolút net it gefal. It ferhaal is hielendal by de tiid brocht.
De bern spylje dit stik op in grut skaakboerd, dat ek nochris yn treppens ôprint. Dat sjocht der al prachtich út en de skitterjende kostúms dogge dêr noch in skepke boppe-op. Dêr is wurk fan makke: swart-wite blokjepatroanen en Mondriaan-kleuren ha de oerhân, letter is der in dúdliker twadieling, mei roze en giel. De skitterjende foarmen en kleuren ha wol in kearside: benammen foar it skoft binne de personaazjes net sa ienfâldich út elkoar te hâlden. Dat komt mei om't de bernestimmen út de speakers frij gelikens oerkomme. Je ha net altyd troch wa't der oan it wurd is.
Foar in part is it opset sin dat it stik earst in tizeboel liket mar hieltyd dúdliker wurdt: dat past by it gefoel fan it famke Sietske, dat it skaakspul – en it libben – earst wakker yngewikkeld fynt, mar stadichoan better foar it ferstân krijt. Durkje Zijlstra docht it prima yn dy rol.
It mei wat in pittich skaakspul wêze, dêr stiet foaroer dat der hiele aardige eigen eleminten tafoege binne. De warbere Waarmsum-promotor Durk (Jacob Miedema) bygelyks, dy't de oanwêzige televyzjeploech ta wanhope bringt, en de presintatrise dy't nammen ferhaspelet. En net te ferjitten de lytse pake, in komyske rol fan Sido de Groot, dy't himsels mei troch syn stimgebrûk wit te ûnderskieden. Benammen nei it skoft hawwe de ‘running gags' mear effekt en komt it spul better op gong. Sa wurdt it mei de dûnskes – diskear ûnder lieding fan Sheryl-Joy Cramer – en de goed fersoarge muzyk wer in feestlik berne-iepenloftspul.
 
FEDDE DIJKSTRA

 

« werom