It dekôr út de bern wei betinke

Freed 10 maaie

Moandeitejûns, woansdeitejûns en sneons wurdt der hurd wurke oan it dekôr fan “Asteriks en Obeliks en de yntrigant”, it berneiepenloftspul dat op 7 juny yn premjêre giet. Sa’n 20 ‘bouheiten’ timmerje, seachje, boarje en spikerje yn de pastorijtún yn Easterwierrum ûnder lieding fan Jan Eric Valkema út Kûbaard. It is in hiel ferskaad oan manlju: fan professionals dy’t foar har deistich wurk ek gauris de seachmasjine betsjinje oant accountants dy’t by wize fan sprekken net in skroef fan in spiker ûnderskiede kinne. “Sokken krije fan my in spoedkursus sadat se nei de bouperioade hobby-klussers binne” seit Jan Eric gnyskjend.

It is in op in moaie sneontemoarn as ik him tref. Drok dwaande mei it yninoar setten fan panielen dy’t de basis foarmje fan it dekôr. Ûndertusken links en rjochts oanwizingen jaand oan de heiten dy’t mei oare parten fan it dekôr dwaande binne. Om in oere as âlve is it kofjetiid en skoot elkenien oan de grutte tafel. “Dit is in bysûndere tafel” seit Jan Eric en hy wiist nei de planken dêr’t de tafel út makke is. “Dizze planke komt út “Spegelspreuk”, dy út “Jungleboek” en dizze út “Peter Pan”. Foar it dekôr fan dit jier brûke wy ek in protte materiaal dat we oare jierren al ris brûkt ha. It wurdt in ‘krisisdekôr’, dat wie ek de opdracht dy’t ik krige fan it bestjoer”.
 
Jan Eric is yn it deistich libben boukundich tekener by arsjitektenburo Jelle de Jong fan de Lemmer. Yn 2005 die syn dochter Nynke mei oan “Odysee” en Jan Eric wie doe in gewoane bouheit. It foel him op dat de boutekeningen dy’t brûkt waarden mar hiel ienfâldich wiene en hy joech oan by it bestjoer dat dat better koe. Sa waard hy yn 2006 en 2007 boukoördinator. Hy krige in sketsmatige tekening fan hoe’t it dekôr der út sjen moast en makke dêr dan professionele produksjetekeningen fan. “Yn 2008 koe it bestjoer net in dekôrûntwerper fine en doe haw ik sels it ûntwerp makke”, seit Jan Eric as ik him freegje hoe’t er yn it fak fan dekôrûntwerper rûchele is. Dat wie it dekôr fan “it swurd út de stien”. Dêrnei folgen noch de dekôrs fan “Spegelspreuk” en “Peter Pan”.
 
“Peter Pan wie letterlik en figuerlik myn hichtepunt” fertelt Jan Eric, wylst er in slokje fan syn kofje nimt. “It heegste punt wie mar leafst 19 meter heech! Dêr hie ik wolris sliepeleaze nachten fan, want it moat allegear goed fêst fansels; it moat wol feilich. Ik hie ek in echt pirateskip makke want ik wol by in stik foar en troch bern net yts abstrakts meitsje. Dat wie foar de spilers ek leuk; se fûnen it machtich om yn dat pirateskip te spyljen. Sa besykje ik it alle kearen út de bern wei te betinken”.
 
It dreechste by it dekôr fan dit jier binne de ferskillende lokaasjes dêr ’t it ferhaal him ôfspilet. Der moat wiksele wurde tusken in Gallysk doarpke, de stêd Rome en de bosk. De oplossing dy’t Jan Eric dêr foar betocht hat is simpel en yngenieus tagelyk. Benijd? Kom dan yn juny nei ien fan de foarstellings.
 
Troch Geartsje de Vries - Op 'e Skille 7 maaie 2013

 


It dekôr út de bern wei betink

Fotograaf: Johan van der Klaauw

En mei foto's fan Geartsje de Vries.

« werom