It libben is ien grutte apekoai

Moandei 9 maaie

(Út Ljouwerter Krante 11 juni 2010)
Foar it earst yn it tweintich jierrich bestean fan it Berne Iepenloftspul yn Easterwierrum spilet in folwoeksene mei: Jehannes Arendz fan Mantgum. It symbolisearret dat it Berne Iepenloftspul folwoeksen is, mar it past ek hiel moai by it tema fan it stik fan 2010, "Peter Pan: grut wurde en tagelyk in bytsje bern bliuwe". Marius Del Grosso fiert de rezjy.
Fan de tweintich ôfleveringen fan it iepenloftspul yn Easterwierrum hat Marius Del Grosso - meast yn oparbeidzjen mei Rineke de Haan - njoggen kear de rezjy dien. Yn it deistich libben is er dramadosint, njonken it berneiepenloftspul regissearret er ek hast alle jieren ien of twa teaterproduksjes mei folwoeksenen.

It ferskil? "Bern binne direkter. Se dogge daliks wast seist of se sizze: ik begryp it net. Folwoeksenen litte it faak wat yn it midden. Bern binne leargierich, folwoeksenen tinke faak dat se it better witte. Foar in regisseur is it moai om mei minsken te wurkje dy't wat leare wolle.

"De grutste deasûnde foar in regisseur by folwoeksenen is dingen foardwaan. By bern moat it krekt, se wolle graach in earste triuwke. Mar ien ding is by bern en folwoeksenen gelyk: wy meitsje mei elkoar de foarstelling. De ien spilet miskien wat better, de oar kin better sjonge of dûnsje, mar elkenien kin meidwaan. Dat is it moaie fan in iepenloftspul."

PIRATESKIP

De pastorytún yn Easterwierrum, tiisdeitemiddei, nei skoalletiid. De lêste trochrin foar de generale repetysje. Op 'e tribune sitte regisseur Marius Del Grosso en in stik as wat meiwurkers fan technyk en artistike lieding te praten en te wachtsjen. It dekor dêr 't se op útsjogge ferbyldet it fleanende pirateskip fan Kapitein Heak, troch al it grien docht it tagelyk oan in apekoai tinken. De mêst  fan tweintich meter heech is fan bûten it doarp te sjen.

Tsientallen bern rinne foar, achter en yn it dekor hinne en wer of steane mei elkoar te praten. Se binne ferklaaid as elfkes, as piraten of as krokodil. Wat opfalt is dat sels yn Littenseradiel de bern hast likefolle Nederlânsk mei elkoar prate as Frysk. Pas as de regisseur it wurd nimt, slacht it Frysk foar master op.
"Jonges en famkes, wat binne jimme moai. Ik kin jim wol túte", begjint Del Grosso syn praatsje foarôf. Hy fertelt de bern dat dingen pas in probleem binne as it probleem him foardocht.
"It gebeurt faak dat jim yn de earste of fjirde sêne mei jim gedachten al by de fjirtjende sêne binne. Dat moat net, want dan wurdt dy earste of fjirde sêne noait sa't der wêze moat."
"Jim moatte fertrouwen ha, jim moatte it stik oernimme. Ik kin der neat mear oan dwaan, it wurdt no langsaam fan jim." Hy stekt syn beide hannen nei foaren. "Hjir is it, nim it oan en doch der wat moais mei."

"Peter Pan" fan de Ingelske skriuwer James Matthew Barrie (1860 - 1937) giet oer in jonkje dat net folwoeksen wurde wol en dat yn it mearke-achtige "Neverland" dingen kin dy 't in gewoan bern net kin, lykas fleane. Syn grutte tsjinstanner is de wrede Captain Hook, dy't op jacht is nei in skat. Peter Pan yn Easterwierrum is net basearre op it oarsponkelike ferhaal fan Barrie, mar op in ferfolch dêrfan. Bewurker Gerrit Hoekstra hat dêrby de ferfilming fan de Walt Disney studio út 2002 - "The Return to Neverland" - as útgongspunt nommen en dêr syn eigen draai oanjûn.
De film spilet yn de Twadde Wrâldoarloch. Wendy, it freondintsje fan Peter Pan, ferkeart al lang net mear yn Neverland en is no in folwoeksen frou. Se fertelt har dochter Jane ferhalen oer Peter Pan, mar dy leaut dêr - synysk wurden troch de oarloch - neat fan.

Gerrit Hoekstra hat it ferhaal nei hjoed de dei ferpleatst. No begjint it ferhaal net mei Jane mar mei Wendy, dy't  de ferhalen oer Peter Pan fan har Beppe heard hat. Mar se leaut net yn mearkes, likemin as har mem doe't dy in famke wie. It is krisis, heit is ûntslein en yn stee fan te boartsjen moat se folders rûnbringe om jild foar har Wendy mei dan neat fan de ferhalen oer Peter Pan leauwe, dat wurdt oars as Kapitein Heak - spile troch Jehannes Arendz - har ûntfiert om yn 'Sabearje' as lokies te tsjinjen foar Peter Pan. De kapitein hopet, as Peter Pan sjocht dat er Wendy yn syn macht hat, dat er ferklapt wêr't de skat ferburgen is.

Marius Del Grosso: "Peter Pan giet oer it moaie fan'e bernetiid. As je jong binne hoech je je net drok te meitsjen om oarloch en oare ellinde dêr't grutte minsken mei sitte, dan is it libben ien grutte apekoai. Dat ha wy ek yn it dekor weromkomme litten."
Nei in skoft fan 10 minuten sprekt de regisseur syn spilers ta foar de twadde helte. Ek no falt it op dat de peptalk foar bern amper ferskilt fan wat de measte regisseurs folwoeksen akteurs foarhâlde.

TRIBUNE
De spilers sitte op'e tribune, de regisseur stiet foar it front fan'e troepen. "Foar it twadde bedriuw wol ik jim twa dingen meijaan. It earste is: focus. Wy ha't der faker oer hân. Ast op bist, folgest it ferhaal. Do sjochtst nei dejinge dy't oan it wurd is en dêr lústerst ek eht nei. It twadde is: de reaksjesnelheid. As ien wat seit, dan duorret it faak krekt in heale tel te lang ear't de folgjende it wurd nimt. Ast al dy heale tellen by elkoar optelst, duorret de foarstelling samar fiif minuten langer. Ik ha leaver dat jim de foarige sprekker ôfbrekke as dat der in stilte falt."

Kees van der Meer, de komponist en muzikaal lieder, krijt it lêste wurd: "De solisten dogge it hartstikke goed, mar de koarleden leune te folle op it bantsje. Jim moatte lûder, jim moatte sjonge as songen jim allegear solo."
De spilers hawwe op dat momint allinne de generale repetysje fan woansdei noch om wat mei de oanwizingen foar it spyljen en it sjongen te dwaan.

(Troch: Sietse de Vries)



 

« werom