"Junglebook", in stik om nea te ferjitten

Woansdei 12 oktober

Troch: Froukje Tuinstra - Frysk Deiblêd 19-06-2006

EASTERWIERRUM - Sneon wie it de earste kear foar Mowgli en de oarne om Jungleboek, it berne-iepenloftspul fan Easterwierrum, oan it publyk sjen te liten. It waar holp mei: it wie súver in bytsje tropysk, better koe it net en ek miskien mei dêrom siet de tribune hielendal fol. In bettere start kin je net krije!
Jungleboek is it ferhaal fan it lytse jonkje Mowgli dat opgroeit by de wolven. Syn grutste beskermers binne Akela, de wichtichste wolf, Baloe de bear en Baghera, de panter. Fansels is der ek in belager en dat is de tiger ShereKhan en dizze belager hat syn helpers: twa hyena's en twa iesgieren, twa komyske duo's. De hiele jûn is it spannend. Sille de beskermers Mowgli út hannen fan de belagers hâlde kinne?

Njonken de bistejungle wurdt ek de minskejungle sjen litten, kompleet mei pizzakoeriers en ferkearsbuorden en net te ferjitten it famke, dat wit dat der in minskebern yn de bistejungle wêze moat. Se wol, wat sis ik, se moat him sykje. Se folget har inerlike driuw en giet op 'n paad. En fansels komme Mowgli en Messoea mekoar tsjin en reizgje se  mei syn beiden nei de minskewrâld, mar dat bart earst neidat der allegearre swierrichheden oerwûn binne. Akela, Baloe en Baghera kinne dan einlings ferromme sykhelje en Mowgli gean litte.

Jungleboek is skreaun troch Rudyard Kipling, mar troch Gerrit Hoekstra treflik bewurke en de klean, de grime, de dûnskes, it dekôr, de ferskes en de muzyk wiene in lust foar each en ear. Benammen it trommeljen en de grutte groepen bijen, flinters, apen, pizzakoeriers, wolven, slangen ensafuorthinne makken grutte yndruk. En as Mowgli begjint te sjongen "Ik wol gûle as de wolven en net as minkewelp" kriget elk op de tribune neffens my pikefel. We hawwe in echt Mowgli sjoen, in ûnskuldich minskebern dy't de wetten fan de jungle noch net begrypt.

Wat fierder opfalt is de enerzjy fan de jonge toanielspilers, de wille en de krektens. Sûnder goede begelieding kin dat fansels net. Rieneke de Haan, Eelco Venema, Hans Wempe en Marit Bamboe kinne hiel tefreden wêze. Set mar ris in ploech fan 34 bern op de júste plakken! Koartsein: Jungleboek fan Easterwierrum is tige de muoite wurdich.

« werom