Klip Presintaasje Swart/Wyt

Woansdei 8 juny

 

Om it publyk in foarpriuwke te jaan fan de foarstelling Swart/Wyt hat it Berne-iepenloftspul fan Easterwierrum in klipopname makke. Op tongersdei 9 juny wurdt de klip presenteard, dêrnei is dy op You Tube te sjen.

Graach noegje we jo út om de presentaasje by te wenjen. It wurdt in bysûndere byienkomst, alles is yn it swart/wyt. Alle bern dy ’t oan de klip meiwurke ha komme yn swart/wite klean. Mei in ferrassende handeling wurdt de fertoaning fan de klip yn gong set. It nûmer dat yn de klip songen wurdt hyt ‘Wa bisto’ en is skreaun troch Peter Sijbenga.

It is de tredde kear dat it Berne-iepenloftspul in klip útbringt. Foargeande jierren wie dat in grut súkses, tûzenden kearen is de klip op You Tube besjoen, it ferske waard in hit, by de foarstellings song it publyk it nûmmer spontaan mei. 

Wat:                Klippresentaasje

Wêr:                Roomske tsjerke oan de Dilledyk yn Easterwierrum

Datum:           Tongersdei 9 juny

Tiid:                17 – 18 oere

 

Foar mear ynformaasje:

Katja Westra   06 13384715 of

Lucy Brouwer 06 27347372

 

 

« werom