Nynke Laverman yn fideoklip Berne-iepenloftspul

Tiisdei 17 maaie

(Út Op'e Skille, 4 maaie 2010)

Op moandei 3 maaie waarden yn de Willemshaven fan Harns opnamen makke foar in bysûndere fideo-klip. De bern fan it berne-iepenloftspul yn Easterwierrum makken in filmke as oankundiging  fan de iepenloftfoarstelling fan dit jier: Peter Pan.

Krekt as ferline jier wurdt dy klip op youtube set, sadat minsken yn it foar al genietsje kinne fan ien fan de lieten út de foarstelling. Bysûnder is dat sjongeres Nynke Laverman oan de klip meidocht. Nynke Laverman hat sels as 11- en 12-jierrich famke oan it berne-iepenloft meidien. Graach komt se nei safolle jierren ris by BIS werom om sa it 20 jierrich jubileum in feestlik tintsje te jaan.

 

Foar de klip wurde opnamen makke op de trijemêster ‘ Artimis’ te Harns. Op dat skip is ek Kaptein Heak dy ‘t oars net docht as mopperje op de bern, wyls de bern sa fleurich binne. Yn de klip sjonge de bern it liet: “Alle tiid fan é wrâld” út de foarstelling. Nynke Laverman sil in aktive bydrage oan de klip jaan.

 Op 12 maaie wurdt de klip presintearre yn it gemeentehûs fan Littenseradiel fan 16.00 oere oant 17.00 oere. Fanôf dyselde datum is de klip dan ek op YouTube te sjen.

 

 

 

« werom