Opnamen fideoklip op kâlde dei

Woansdei 12 oktober

(Út Op'e skille 12 maaie 2010)

"Doch mar krekt as is it hielendal net kâld". No kinne de jonges en famkes fan it berne-iepenloftspul aardich toanielspylje, mar dit is in drege opdracht. Der stiet in stoarm, se ha net mear oan as in t-shirt koarte mou, prebearje dan mar ris om der út te sjen as genietsje je fan in simmersk aventoer.

It is de meast hjerstige moandei fan dizze maitiid. Krekt op dizze dei steane opnamen plend foar in fideoklip. Bûtendoar. Moarns besiket de kameraploech fan it berne-iepenloftspul noch om in sêne op te nimmen fan springende bern op in mega-trampoline, mar dy is fiersten te glêd troch al it reinwetter. Dan mar nei Resi Wooncentrum yn Wommels om binnendoar op de bêdsôfdieling opnamen te meitsjen fan Wendy dy 't yn sliep falt yn in grut himelbêd. Hjir skoat sjongster Nynke Laverman oan dy 't ek in rol hat yn de klip.

It team fan BIS is bliid dat Nynke meiwurkje wol om de foarstelling fan dit jier - Peter Pan - te promoaten. Sels die se as 11- en 12 jierrich famke mei oan BIS. "De sfear fan doe komt my fuort wer yn it sin, no't ik hjir tusken al dy bern sit" seit se. "Fansels wie der njoggentjin jier lyn noch gjin klip, foar ús wie de cd-opname it hichtepunt. Ach, wat sis ik, dat wienen doe noch kassettebandsjes".
De sêne fan Wendy is klear, op nei de folgende lokaasje. Mei 35 pear hannen is alles wat mei moat - snoeren, lampen, ljedders, tape - gau oppakt. Yn yndustryhaven fan Harns klimme de bern oan board fan trijemêster De Artemis. De prúk fan Kaptein Heak wurdt ekstra stevich fêst setten ear't hy it dek opgiet om in swurdgefjocht mei Nynke oan te gean. Bern dy 't in sêne spylje dogge krekt foar 't se nei bûten gean de jas út. Der  wurdt net langer as twa minuten filme en dan mar gau neit it waarme foaryn. Om in oere as fiif stiet alles dan dochs op film.
No mar hoopje dat net ien it op de stim krigen hat, want oer in pear dagen steane CD opnamen op it programma.
De klip is op 12 maaie klear en is dan te sjen op YouTube!

« werom