Premiêre Spegelspreuk feest foar it each

Tiisdei 17 maaie

10 juny 2009
 

Sa’t wy dat wend binne fan de spilers fan it Berne-iepenloftspul fan Easterwierrum wurdt der dizze dagen in foarstelling fan formaat delset yn de pastorijtún fan Easterwierrum.

 

Mar leafst 39 bern út de groepen 7 en 8 fan de basisskoallen út Littenseradiel dogge mei diskear! It boek ‘Spegelspreuk’ fan Lida Dykstra, dat yn 2007 Aksjeboek foar Bern wie, is foar it Berne-iepenloftspul bewurke troch Hans Brans en wurdt spile nei in Fryske oersetting fan Tryntsje van der Zee. It publyk wie in pear wike fan te foarren al lekker makke troch de fideoklip ‘Ding-dong’ op Hyves en Youtube. No is it dan safier dat it publyk genietsje kin fan de foarstellings yn de Pastorijtún yn Easterwierrum.

 

De jonge prins Willem wurdt yn Den Haag foarsteld oan it folk op ‘Prinsjesdag’. Mar hoechst net te mienen dat ús prinske dêr nocht oan hat. Willem wol net opsitte en poatsjes jaan. Hy naait út nei Ljouwert, nei it Prinsessehof dêr’t syn beppe Marijke Meu wennet. It is de bedoeling dat it geheim hâlden wurdt dat de prins yn Ljouwert útfanhûzet, mar der binne kapers op ’e kust, dy’t de prins ûntfiere wolle. Prins Willem wit net rjocht wat er wol en wat er kin. Dan treft er Foekje, in âld wyfke mei in betsjoende spegel, dy’t him yn de ferlieding bringt: ‘Sitst hjir yn in gouden koaike, wolst der net ris út?’ Mar as sy begjint te tsjoenen binne de gefolgen hast net te oersjen. Syn beppe lit him neitinke oer frijheid, want de prins freget himsels fertwivele ôf werom’t elkenien dwaan kin wat er wol, mar hy net. Lode Lakei wurdt syn bêste freon, dat is ek mar goed, want sels in prins kin net sûnder freonen. Hoe’t it sit mei bisten dy’t út beskildere tegeltsjes wei springe, moat elke besiker sels mar even goed de eagen de kost foar jaan. Oan ’e ein hâldt Foekje de prins opnij in spegel foar: ‘Wa’t bisten yn in koai ha wol, dy wit fan frijheid neat...’

 

Bysûnderheden: Noch te sjen op freed 12 juny, sneon 13 juny, woansdei 17 juny (útferkocht) en freed 19 juny; oanfang 20.30 oere. Kaarten : 0515 – 34 13 44 en gerrit-sietske@hetnet.nl De cd ‘Spegelspreuk’ is tidens de foarstellings te keap. It boek Spegelspreuk is foardroegen foar de IBBY Honour List en te keap yn de boekhannel; it is as harkboek te bestellen by www.audiofrysk.nl.

 

 

« werom