Striid om Gouden Gurbe begûn!!

Freed 22 juny

Yn de toanielwrâld dogge je alles mei mekoar, mar soms binne je ek mekoars konkurrint....
Silke en Jasmijn, spilers yn it Berne Iepenloftspul, dûnsje al hiel wat jierren bij it Sintrum foar de Keunsten yn Snits. Se sitte yn de talintenklas en krijen û.o. les fan Raymond Guzman. Raymond komt út Amerika en hat syn spoaren fertsjinne yn in de musicalwrâld. Koartlyn skittere hy noch as Kening Mufasa yn de musical De Liuwen fan de musicaloplieding MUZT.
Mar Raymond docht folle mear, sa makke hy de choreografy fan it Iepenloftspul yn Dronryp - Ut ‘e Loft. 

Sûnt Silke, Jasmijn en Raymond witte dat ze mekoars konkurrinten binne is de striid yn de dûnsseal begûn:
wa wint yn oktober in Gouden Gurbe: It Berneiepenloft spul met de Stim van Ludsjewierum of Dronryp met Ut ‘e Loft? Spannend..... Oan Silke en Jasmijn sil it net lizze, dy dûnsje de stjerren fan de himel!

 

 

 

 

« werom