Útrikking Gouden Gurbes

Snein 9 oktober

Sneon 8 oktober wie it safier! De útrikking fan de Gouden Gurbes yn'e Harmonie yn Ljouwert.
Soenen we ek in priis winne mei Swart/Wyt??? Foar de bern tige spannend fansels. Spitich genôch binne we dit jier net yn'e prizen fallen (ferline jier krige Anneke Hogeveen noch in Gouden Gurbe foar har kostúms).
Der wienen 6 Gurbes te winnen en der wiene fan't jier 12 Iepenloftspullen, dus ja dan is de kâns grut dat je mei lêge hannen nei hûs ta gean. Rients Gratema hat dat tige goed ferwurde. It meidwaan en de wille is noch altyd wichtiger fansels dat it winnen fan in Gurbe en sa  is't.  De bern mochten ek noch twa ferskes sjonge foar in hiele folle tribune mei allegearre "iepenlofters"!  Dat wie natuerlik ek "Vet Cool".
Mar we wienen wol nomineare foar de bêste bijrol. Ús reporter Elbrich Bruinsma hat op de sjuery goed yndruk makke!  Lokwinske Elbrich mei it komplimint fan de sjuery! Hjir ûnder it stikje wat yn't sjueryrapport stie.

Dan ha wy noch de nominaasje fan Elbrich Bruinsma fan it ferneamde berne-iepenloftspul yn Easterwierrum, diz kear mei de produksje 'Swart/Wyt'. As televisyferslachjouster wie sij in moai gehaaide tante, dy’t oeral mei har mikrofoan klear stie om alles te freegjen dat har ynteressant like. Sij hat blykber goed sjoen nei hoe’t soks der tsjintwurdich oan ta giet. Moai dien.

« werom