We binne los!

Tiisdei 7 febrewaris

'Mem, ik bin Hanneke!'
Hè? In famke dat har eigen mem fertelt hoe 't se hiet?
Nee, in blide dochter dy 't  seit wat foar rol se krigen hat!
Sa wiene der op sneon 4 febrewaris mear blide gesichten nei it ferpartsjen fan de rollen op de earste repetysje fan BIS 2012.

Oan it begjin fan dy repetysje mochten ek de âlden sjen nei in presintaasje fan it stik 'De stim fan Lûdsjewierrum'.
It folsleine artistike tiim joech in foarpriuwke fan de foarstelling, fuort al mei sang en dûns. It makket entûsjast om dan no ek echt oan de slach te gean mei dit nije stik. De bern binne der klear foar, it skript is al lêzen en no mar wakker oefenje!

 

 

« werom