We binne wer los!!!!!

Tiisdei 8 maart


Sneon 29 jannewaris om tsien oere hinne komme der 34 bern mei harren âlders ‘de Tysker’ fan Easterwierrum binnen.

Bern en âlders dy ‘t  foar de earste kear meidogge sjogge noch wat ûnwennich om harren hinne en litte it mar oer harren hinne komme.

De âlders meie earst in test ûndergean by Jaap Groen de dekorûntwerper. Eltsenien moat in blok fan in bult pakke en lit mar sjen hoe goed je gearwurkje en bouwe kinne. As it ynmekoar sit kin je sjen wat de basis fan it dekor wurdt en yndie de kleuren binne ...Swart en Wyt.
Dan gean de bern en âlders út mekoar en krijt elts syn ynfo mei. De bern lêze it skript mei Marius en Anke (de regy) en de âlders krije in pakket ynfo mei wat der fan harren ferwachte wurdt en hoe je mei syn allen in moaie tiid derfan meitsje kinne.

 

 

 

Nei de ynformaasjestoarm en moaie foto-ympresje fan Bram wurdt der al aardich netwurke, want eltsenien hat wol kontakten as wit oare handige tips foar BIS.
It mei dúdlik wêze: we binne wer los en we ha der wer sin oan om der in moaie produksje fan te meitsjen mei syn allen. 

 

Kiekjes fan 'e 1e repetysjes binne hjir te sjen!

Om sjen te kinnen hoe’t de produksje ferrint komt sa no en dan Omrop Fryslan del mei it programma TSJEK en makket dan reportaazjes fan BIS.

 

 

« werom